Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: trouwen drie
Achter it tsjerkhôf yn Heech, dat rounom de Herv. tsjerke leit, wennen trije frouljue. De mem wie thús; de heit wie skipper op ien fan de ielaken. De Hegemer ielaken hienen “previlegie” op Londen. Der wie altyd in lizplak foar de aken oan de kade biskikber, mar der moast ek altyd in aek lizze. Yn de oarloch is dit foarrjocht forlern rekke. De heit rekke...
nl.verhalenbank.50521
Myn suster Roas fortelde ek. Ik moest ris in kear in bern ha. Wy wennen hwat ôfgelegen. As it ûnwaer woarde, soe myn man skoanmem helje (âlde frou Reitsma) en dêrnei nei dokter ta. De moarns kom er by syn mem. "Kom," sei se, "wiest dêr al. Ik tocht al, soed er hast ris komme, hwant ik hie dy fan 'e moarn al twa kear klopjen heard. Dit wie de trêdde kear."...
nl.verhalenbank.28389
Der wie in widner, dy hie trije bern. Hy krige forkearing mei in widdou. Hy frege har of se mei him trouwe woe, mar hja seach hwat biswier yn 'e trije bern. "Ja," sei er, "dêr kin ik net fan ôfsjen. Ast míj ha wolst, mast de trije bern ek nimme." Hja sei doe: "Ei nou, dat kin ek net oars, fuort dan mar." Doe kom er wer in kear by har, doe joech se him...
nl.verhalenbank.19625
Ik kom wol us by in âlde wiersizter yn Ljouwert. Dat minske wie oan 'e duvel forkocht. Mar sy wist suver alles. Doe't ik de earste kear by har kom, frege ik, of ik ek forkearing krije soe. Doe sei se: "Dû, dû hast ommers trije feinten tagelyk. Is dat noch net moai genôch?" Ik skamme my bot, hwant hja hie gelyk. In oare kear sei se tsjin my: "Aenst matte...
nl.verhalenbank.18105
Woe men wite, hwa't jin man wurde soe, dan moest men trije freden oanien in roggekerl yn 'e bûse ha. Dy't jin dan it earst tsjinkom, dat soe jins man wurde.
nl.verhalenbank.19995
Skoanmem hat faek forteld, hja hie yn 't bigjin fan har trouwen droomd, dat sy soe trije bern krije en dy ek alle trije forlieze. Dan soe der letter noch in neikommerke geboaren wurde en dat soe libjen bliuwe. 't Is krektsa útkom. Dat neikommerke, dat is myn frou.
nl.verhalenbank.29306
Ik moat ek noch even fortelle fan de neikommelingen fan “de Wylde boerinne” uit de novelle fan master Holtrop. It wiene er trije, n.l. Sjoerd, Aukje en Anne. De earste beide wiene forgroeid en doe noch ûngetroud. Anne wie troud. Se wennen doe op twa pleatskes ticht by elkoar en wiene geweldich op jild gesteld. Sjoerd, en letter Aukje, gongen sels mei it...
nl.verhalenbank.46415
Us beppe (in Grinslânse) fortelde: Op it Westersân by Oldekerk yn Grinslân wennen trije âldfammen. Dat wienen tsjoensters. Sy woenen alle trije wol graech in man ha, mar sy krigen noait oansyk. Dat kaem omdat se de frije kúnst útoefenen. Der wienen trije gereformearde âlderlingen, dy woenen wolris wite, hoefolle dêr fan oan wie; fan dy duvelskunsten. Dy...
nl.verhalenbank.19700
Hoe Batenburg, Megen en Ravenstein hun naam gekregen hebben In den ouden tijd was er hier te land een koning, die al oud en zwak begon te worden en zich daarom niet goed meer kon verweren tegen zijn vijanden. Toen hij eens in 't nauw was, kwamen er drie koningskinderen uit een vreemd land en hielpen hem, zoodat de vijanden aftrokken en niet meer weerom...
nl.verhalenbank.45711
35