Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: tovenaarster Place of Narration: Garyp
Alde Baeije fan Sumarreheide roan mei de bolkoer. Sy seinen dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.23118
Tsjoensters kinne har soms yn hazzen foroarje. Mar meast yn blauwe katten.
nl.verhalenbank.23035
Alde Melle Tsjibbe, dy syn wiif wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Op in kear ha se dy kat mei de pook slein. Doe wie 't âld-wiif de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.21336
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
Alde Tsjerke Bet har mem Marij (Douwe' Marij) wie in tsjoenster. Doe't se in lyk wie, bleau se slap. krekt sa slop as in spouns. Sy hat noait stiif west lyk as in gewoan minske. Dat is mei alle tsjoensters it gefal.
nl.verhalenbank.21334
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
Ik wie noch mar in jonkje, doe rekke âlde Hâns Stelwagen siik. Hy woarde sa min, dat der woarde by wekke. Syn soan Japik wekke by him en de feint Klaes Bylsma. De âld man wie bitsjoend. Doe wienen der ynienen allegear swarte katten achter hûs, 't wie der fol. Klaes en Japik krigen elk in heafoarke en stutsen dy der yn. Mar der rekke noait ien fan dy...
nl.verhalenbank.23029
Yn Sumar wenne in âld bolrinster, dy hie har komst altyd by minsken, dy hienen in lyts famke. De bolkoerrinster hie aerdichheit oan 't famke, tominsten sa bearde se en sy woe it lyts bern elke kear op 'e skoat ha. Dan hie se altyd har hân by 't boarst yn en dan tsjoende se mei dy hân ûnder 'e klean om. As se dat dien hie, dan stuts se it bern de finger yn...
nl.verhalenbank.21337
9