Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
294 results
Dutch Keywords: tovenaarster
Alde Pytsje to Kollum wie in tsjoenster. Ut skoalle wei gong dêr altyd in famke hinne. Dat famke hat se deatsjoend.
nl.verhalenbank.21291
Ik haw us in keppel katten byelkoarren sjongen heard. Se songen in psalm, 't wie hiel dúdlik. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat mear. Alde Jehannes Postma wie by my. It ha tsjoensters west.
nl.verhalenbank.21468
Hja ha hjir in kat alris in reis jown. Sy tochten dat it in tsjoenster wie. En dat wie ek sa, hwant de oare deis wie der in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.28100
Alde Melle Tsjibbe, dy syn wiif wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Op in kear ha se dy kat mei de pook slein. Doe wie 't âld-wiif de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.21336
De tsjoensters gongen by de boeren lâns en as der hynders op 'e stâllen stienen, gongen se dêr hinne en gongen dêr op sitten. Sy makken flechten yn 'e moannen, dy woenen der noait wer út. Dy moesten se der út snije. De tsjoensters kommen altyd by nacht.
nl.verhalenbank.25540
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
Yn 'e Haerlemmer steech wenne Roele Antsje (de frou fan Roel van der Veen). Hja gong foar in tjoenster troch. Nachts hie se de boppedoar op in toutsje, krekt lang genôch, dat der in kat troch koe. Dat wie foar har sels, hwant hja foroare har faek yn in kat, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.20808
Alle Tet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Dat wie algemien bikend. Hja wie soms blau en plakkerich om 'e holle. Dan hie se wer opdonders hawn fan 'e kweade, sei 't folk.
nl.verhalenbank.23440
As jo hwat fan in tsjoenster opite, matte jo 't lêste hapke stean litte, dan kinne se jo net krije. In tsjoenster kin jo ek net krije as jo hyltyd mar tinke: "Dû krijst my net!"
nl.verhalenbank.23905
Sytske mei de bult wie der ek us yn kom, doe siet har buchel ûnder 'e spinreagen. Doe wie se troch 't dak hinne kom. It wie in âld tsjoenster.
nl.verhalenbank.20567
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
As men op in tsjoenster sjit, is 't krekt as sjit men op in leech petroaljefet. Men kin in tsjoenster allinne mar reitsje, as men rogge yn 't gewear hat.
nl.verhalenbank.20956
It is hjir wol gebeurd, dat minsken bihekst wienen. Dan waerd it kessen iepenmakke. Dêr siet dan in moai fûgeltsje yn. Dat waerd der úthelle en opbarnd. Dan waerd de 'pasjint' wer better. Doe't ik noch tige jong wie fortelden âlde minsken sokke dingen wol. Letter net mear.
nl.verhalenbank.20605
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Alde Tsjerke Bet har mem Marij (Douwe' Marij) wie in tsjoenster. Doe't se in lyk wie, bleau se slap. krekt sa slop as in spouns. Sy hat noait stiif west lyk as in gewoan minske. Dat is mei alle tsjoensters it gefal.
nl.verhalenbank.21334
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
Yn Bakkefean wenne in frou dy gong foar in tsjoenster troch. Dêr wienen se allegear sa'n bytsje skruten foar. Sy hie forskillende minsken bitsjoend, nei't se seinen. Heit kom in kear by har en doe sei er: "Ik woe dat se my ek bitsjoene koenen." Mar doe sei se: "Jo leauwe der net oan. Dêrtroch kinne se jo ek net bitsjoene."
nl.verhalenbank.21179
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Oerpake Jehannes, dêr't ik nei neamd bin, hat sjoen dat in frommes yn in readbaeijen ûnderrok op 'e biezem troch de loft fleach yn Mouneein. Dat wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.20930
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk. Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
294