Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: tovenaarster verdwijnen
Ik ha wolris heard dat hjir tsjoensters west ha, dy't âlde roeken ta de hurddobbe útkomme lieten. Dat dienen se mei in toverboek. Dêr lêsden se yn. Lêsden se itselde tobek, dan gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.20894
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes. Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
Beppe hat njonken in âld-minske wenne, dat wie in tsjoenster. Op in kear kom beppe har broer by dat âld minske yn 'e hûs. Doe hie dêr in boek op 'e tafel lein. Dat wie in toverboek, mar dat wist hy net. Doe bigoun er dêr yn to lêzen. Mar doe gong it raer. Doe wienen der allegear katten ta de hurddobbe út kaem. Even letter kaem 't âld-minske der yn....
nl.verhalenbank.19637
De tsjoensters binne froulju mei reade egen. Ik haw ris mei ien praet, dy sei: Ik haw ris in nachtmerje fangd. Ik pakte 'm. 't Wie tsjuster. Doe kommen de lampen op. Doe hie 'k de swarte kat yn 'e hân. En dy wie samar ynienen fuort, sûnder dat se sjen koenen hoe't er fuortrekke.
nl.verhalenbank.25539
Myn man Ringer fortelde, syn mem en hy hienen syn suster us nei Kûkherne ta brocht, dêr't se tsjinne. Sy wienen oer in planke gong oer 't wetter en sa troch 't lân oan in reed ta. 't Wie let yn 'e joun. "Hark, dêr binne noch guon", sei heit. "Ja," sei syn mem, "in hiele keppel." Hja gongen dy kant út, dêr't se de stemmen weikommen hearden. Doe seagen se...
nl.verhalenbank.20732
Arends Jantsje, dat wie Myt har dochter. Dy koe ek tsjoene. Dat hie Myt har leard. Ik ha guon kend, dy hienen in houn. Dat dier trille as in rusk, as Jantsje kom. Dy houn is forkwynd. Dat wie Jantsje har wurk.
nl.verhalenbank.19512
Op in kear kom ik by de faem wei. Doe't ik by hûs wie yn 'e nacht, roan der in grouwe, wite geit op 'e reed om. Ik tocht earst: dat is ús geit, en ik prebearre him to krijen. Mar dat woe my net slagje. Wol in kertierlang wie ik dêr mei dwaende, mar dàn sprong de geit wer oan dizze kant fan 'e dyk, dàn wer oan 'e oare kant. Op 't lêst joech ik it oer. Ik...
nl.verhalenbank.21331
Us beppe yn Twizelerheide koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. In stik of sawn tagelyk stapten moai oer de flier hinne. Sy lêsde dêrby yn in boek. Dat wie in toverboek. As se dan even letter in pear wurden achterút lêsde, dan gongen dy soldaetsjes wer moai ta de hurddobbe yn. Ik ha 't in pear kear sjoen. Sy sei tsjin my: "As ik deagean, Marten,...
nl.verhalenbank.28064
8