Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
53 datasets found
Dutch Keywords: toekomst trouwen
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Dy't yn 'e Swarte spegel sjogge kinne sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net, dan krije se in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.10700
Op 'e merk yn Ljouwert hienen se soms in swarte spegel. Twa feinten út Burgumerheide gongen dêr ris hinne. Hja seagen beide yn 'e spegel. Doe seach de iene syn faem en de oare seach in deakiste. De iene is mei dy faem troud, de oare troude net, mar stoar.
nl.verhalenbank.36506
Dy't yn 'e Swarte Spegel sjocht kin gewaer wurde hoe't syn takomstige frou der út sjocht.
nl.verhalenbank.29547
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe de takomst gewaer wurde. Hy koe dan sjen hwa't er trouwe soe.
nl.verhalenbank.38138
By kaertlizters yn Ljouwert hienen se in swarte spegel. As in manspersoan dêr yn seach, woarde hy de frou gewaer, dêr't er mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.27391
Hjir wenne froeger Kije Kik. Dat wie in kaertlizter. De dochter die it ek wol. Sy seach ek wol yn 'e kofje. Alde Klare wie ek kaertlizter. Mar hwat dy sei dat kom lang altyd net út. Der wie us in âldman - âlde Haize - dy hie forkearing mei in jongfaem. Sels wied er widner. Hy gong nei Klare ta om de takomst gewaer to wurden. Dêr is noch in rymke fan:...
nl.verhalenbank.20789
Op 'e merken hienen se froeger tintsjes, dêr siet in swarte spegel yn. Dêr gong it jongfolk wol hinne, dan koenen se sjen mei hokker frou se letter trouwe soenen.
nl.verhalenbank.34504
Guon gongen froeger wol nei in swarte spegel. Dêr koenen se yn sjen hoe't de frou der útseach, dêr't se mei trouwe soenen.
nl.verhalenbank.34538
Der wie in faem, dy woe de takomst graech wite. Doe gong se nei de kermis ta. Dêr wie in swarte spegel. Doe seach se dêr sawn kopkes yn. Hja lake en sei: "Dat kin ommers net!" Mar hja is troud mei in widner mei sawn bern.
nl.verhalenbank.22012
Ik ha wol us nei lytse Kjille west, de wiersizter fan 'e Gerdyk. 't Kom allegear út hwat se sei. "Krijst aenst in houn", sei se. "Dy byt dy fjouwer piken dea." 't Wie ek sa. "Wolst ek wol wer in frou ha," sei se, "mar dû krigest noait ien wer. Der binne oars fjouwer op dy forleafd." "Trije", sei 'k. "Ja," sei se, "mar de fjirde komt fan 'e wike." 't Wie...
nl.verhalenbank.24113
Dy't yn in swarte spegel seach woarde it portret fan syn takomstich wiif gewaer. As er net trouwe soe krige er in deakiste to sjen. Sa'n swarte spegel stie op 'e merken yn in tinte. De minsken moesten achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.27368
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken. Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe. Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
Der wenne yn Feanwâldsterwâl in faem dy woe graech trouwe. Doe gong se nei in swarte spegel ta en seach dêr yn. Doe krige se in deakiste to sjen. 't Wie har eigen deakiste. Koarte tiid dêrnei is se stoarn.
nl.verhalenbank.31053
Op 'e merken seagen de lju wol us yn in swarte spegel. Dêr seagen se har takomstige frou yn.
nl.verhalenbank.24160
As it ergens kermis wie gong it jongfolk wolris nei de swarte spegel ta. Dan koenen se sjen mei hwa't se trouwe soenen. Mar sy kommen ek wolris in sterfgefal to sjen.
nl.verhalenbank.27457
Hinke Kaert, dy't letter to Nijebrêge wenne, is ôfkomstich fan Wergea. Se seinen dêr yn Wergea altyd Hinke fan Rutsje. Hja hat twakear troud west. Hja hie fjouwer soannen. De fjirde soan wie in oerwinneling. In frou fan Wergea fortelde my ris: ik haw mei in freondin as greatfanke nei Nijebrêge ta west. Hja sei tsjin my: "Jo sille noch tsien jier faem...
nl.verhalenbank.33422
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert. Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
Der wenne in man yn 'e Harkema, dy stie foar de swarte spegel op 'e merk. Doe seach er yn dy spegel syn takomstige frou. It wie Griet, dy't er tige skoan koe. Dy hie in swart plak op 't wang. "Dat is Griet," hied er sein, "dy wol 'k net ha." Mar hy hat har àl krige.
nl.verhalenbank.21396
Als je een schil (van een appel) in één stuk op de grond gooit, dan krijg je de naam van de man of vrouw met wie je gaat trouwen. Dat zei mijn moeder altijd. [oma Den Boer]
nl.verhalenbank.48903
35