Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: terugkeren Place of Narration: Harkema
Op 't Bomkleaster stean trije boereplaetsen. Op 'e middelste wenne de zevendaagse boer. Dat wie Bindert Japiks Kloosterman. Dêr arbeiden se deis en sneins en altyd troch. Dêr by dy plaets hat in kleaster stien. Under dy plaets is in ûnderierdske gong. Dêr binne se alris yn west. Sy hienen in ljocht by har. Mar sy binne net oan 'e ein ta west, hwant sy...
nl.verhalenbank.28565
Us mem hat in min leven hawn by har skoanmem. Dy hat har hwat ôfpleage. 't Wie in hiele minnenien. Sy kom ek net yn tsjerke. En sy woe ús in forkearde opfoeding jaen. Se learde ús de falske 10 geboaden. Guon dêrfan wienen: Steelt eerdat gij gebrek krijgt. Doet valse getuigenis, opdat ge geld krijgt. Fóár har dea sei se: As ik kom to forstjerren, dan mei...
nl.verhalenbank.12358
Wibe Alma fortelde ek: "Ik hie forkearing mei Griet, mar 't wie wolris yn 'e hobbel. Sa wie 't dy kear ek. De forkearing wie út. Ik soe op in joun nei har ta. Ik wie tusken 't tsjerkhôf en de iepenbiere skoalle yn. Doe seach ik oan 'e rjochterkant bisiden it paed en doe siet dêr ien. It wie Griet en dy siet dêr ynelkoardûkt mei in swart âld kleed om. It...
nl.verhalenbank.26226
Wibe Alma (^) hat my forteld: Ik soe us op in joun noch nei Hindrik Wimke ta - ik koe skeanoer troch 't lân. Doe kom ik dêr ynienen foar in hiel breed wetter to stean, wol krekt sa breed as 't djip (= 't prinses Margrietkanael). Ik bin wer nei hûs ta gong, ik koe net fierder, dan wie 'k forsûpt. De oare moarns ha 'k op 't selde plak west, doe wie 't mar...
nl.verhalenbank.26225
In man fan 'e Hamsterheide kom fan syn suster út 'e Ham werom. Hy gong de Hamsterpaden lâns en ûnderweis kom der him in dikke, swarte kat op side, dy't by syn skonken lâns struts. By it lêste stik lân, dat er del moest, wie de kat fuort. De wyks dêroan wie de man wer nei syn suster ta west. Hy kom itselde paed del en doe kom dyselde kat him wer op side....
nl.verhalenbank.15788
Der wienen twa man by in kaertlizter. Mar se leauden net hwat it minske sei. Se seinen: "Dit is hjir neat wurdich." Doe blyndoeke it minske de beiden en brocht se yn in oare keamer. Dêr leinen allerhande wikseldaelders op 'e tafel. Dêr koenen se elk ien fan meinimme. Mar de beide maten wegeren. Doe krigen se elk in briefke mei. Mar dat briefke koenen se...
nl.verhalenbank.20151
35