Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
54 datasets found
Dutch Keywords: sterke(?) man
Der wie in man dy kom by de boer om to freegjen hwer't Sterke Hearke wie. "Hwer kin 'k him fine?" frege er. De boer sei: "Hy is hjir net by de plaets, mar hy is dêr op 't lân oan 't ploeijen." Doe kom dy man by Hearke. "Binne jo sterke Hearke?" frege er. Doe die Hearke it hynder foar de ploech wei en stuts de poech rjocht foar him út, mei ien hân. "Ja...
nl.verhalenbank.28922
Sterke Hearke fan de Ham wie ûnder tsjinst. Dêr hied er in greaten hekel oan. Hy woe graech ûnder tsjinst wei. Hy wie by de marine. Der leinen hiele greate ankers by de kaserne. Dêr wie ien by, dat wie it allerswierste, dat koe net ien optille. Op idere hoeke koenen jy der hûndert poun op lizze. Doe frege Hearke oan 'e kaptein, as se him út 'e tsjinst...
nl.verhalenbank.28739
Ik haw in âlde Egbert Witteveen kend, dy kom noch út 'e famylje fan Sterke Hearke. Dy wie al in ein oer de tachtich, doe brocht er in kroadfol dong mei in dikke kop der op troch de buorren hinne nei 't lân ta.
nl.verhalenbank.28842
Sterke Hearke soe oan 't ploeijen. Doe kommen der twa by him, dy fregen him nei de wei. Doe krige Hearke de ploech en dy tilde er mei ien hân op en doe sei er: "Hjir rjocht foar oer, dêr matte jo wêze", en hy wiisde it mei de ploech oan.
nl.verhalenbank.28671
Heit hat Hearke wol kend. Hy wie nochal lui, sei heit; hy makke noait haest.
nl.verhalenbank.28883
It gebeurde in kear, doe sieten der guon yn 'e kroech, dy woenen net om 't lyk. De plysjes wienen der mei oan. Dy rôpen Hearke der by. Doe wie der ien, dy doarst it wol mei Hearke yn 'e kant sette. Hearke krige him beet en smiet him oer de banken hinne.
nl.verhalenbank.28673
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear kom der ien by him, doe wie er oan 't ploeijen. Dy man frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân optild en earst de iene kant útwiisd mei de ploege. Dêr wenne dy, hied er sein, en doe hied er mei de ploege de oare kant útwiisd en sein hwer't de oare wenne.
nl.verhalenbank.26299
Sterke Hearke wie arbeider op 't Bouwe-kleaster by Bindert Japiks. Hja wienen ris oan 't dongladen. Twa hynders moesten in weinfol dong út it skerngat lûke. Mar de hynders koenen gjin skrip krije. Doe die Hearke de hynders foar de wein wei. Hy krige it tiksel beet en luts allinne it hiele foer ûnder ta 't skerngat út. Doe die hy de hynders der wer foar en...
nl.verhalenbank.28920
Sterke Hearke fan de Ham wie ris oan 't ploegjen op it lân. Hy hie net in hynder foar de ploech. Doe kom der ien by him. Dy sei: "Kinne jo my ek fortelle hwer't sterke Hearke wennet." Hearke krige de ploech beet en tilde him mei ien hân fan 'e groun. Doe wiisde er mei dy ploech nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28841
Der wie in ikebeam omwaeid en dy lei dwars oer de reed. 't Wie oan 'e Lytse Wei ûnder Droegeham, dêr't Hearke ek oan wenne. Dy beam moest dêr wei, hwant de lju koenen der sa net mei de wein lâns. Mei in man of fjouwer dienen se har bêst dy beam to fortillen, mar sy koenen him mei gjin mooglikheit fan 't sté krije. Wylst se der drok mei omskrepten kom...
nl.verhalenbank.28672
Sterke Hearke hat yn Den Helder ûnder tsjinst west. Hy woe graech frij. Hy frege de kommandant of er in anker fan tolvehûndert poun om 'e kaserne tille mocht om frij to wurden. Mar it woarde him net tastien.
nl.verhalenbank.27237
Sterke Hearke wie ek stille plysje (= onbezoldigd veldwachter). Op in kear, dêr treft Hearke in tsjerkmasjine op 'e wei, dy forfearen se mei de byls. Yn dy byls wie 't fjûr net dôve. Dat wie wettelik forbean, hwant sa mocht it net op 'e iepenbiere wei lâns. Doe spriek Hearke dy man oan. Mar dy man sei: "Hwat haw ik mei dy noadich." Doe krige Hearke in...
nl.verhalenbank.28887
Heit hat by Bindert Japiks op 't kleaster wenne. Heit fortelde, op in kear hienen se dêr in foer dong laden, dat koe it hynder dêr net weilûke. Doe't dat net woe, sei de boer: "Wy matte aenst mar ris wer sjen. Earst matte wy mar ris meimankoar kofjedrinke, soe 'k sizze." Hearke kom hwat letter yn 'e hûs as de oaren. Doe't it kofjedrinken dien wie, gongen...
nl.verhalenbank.28885
Egbert Golo wie mar in lyts mantsje. Mar 't wienen allegearre spieren. Hy wie oersterk. Hy hie buorkerije. Op in kear doe wienen der trije jonge bazen, dy seagen Egbert Golo oankommen mei hynder en wein. Sy seinen tsjin elkoar: "Nou kinne wy in moaije grap ha, dan wite wy ek, hoe sterk hy is." Doe lei dêr in dikke, grouwe beam, dy wie ôfkapt. De trije...
nl.verhalenbank.28846
Egbert Golo hie in bolle, dêr reizge er mei by de boeren lâns. 't Wie in hiele grouwe bolle. Dy bolle hie wolris nukken. Dan hied er in min sin en wied er lulk. Dan sette er 't tsjin Egbert yn 'e kant. Dan sei Egbert tsjin 'e bolle: "Wolstû, bliksem, net om 't lyk?" En dan pakte er dy bolle by de bek en oan 't ear beet en dan die er ien swaei, en dan lei...
nl.verhalenbank.28847
Ik ha wol ris fan Sterke Hearke heard. Der kom ris ien by him dy woe wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde er de ploech op en doe sei er: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28648
Der kom us ien by Hearke to freegjen hwer't er wenne. Doe wie Hearke op 't lân oan 't ploeijen. Doe hie Hearke de ploech by 't sturtein optild en hy hie dêr mei nei syn hûs wiisd. "Sjoch, dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.28884
Yn Bûrum wenne in man, dy wie knap sterk. Dy hie wolris fan Sterke Hearke heard en dy tocht: Ik wol wol ris mei him prate. Ik woe eins wolris wite hwa fan ús beiden it sterkst is. Hy sette de stap der ûnder nei Droegeham ta. Doe trof dat moai. Hearke wie by Bindert Japiks fan 't Kleaster yn 't wurk. Hy wie krekt op dy syn lân oan 't ploegjen. Hy wenne...
nl.verhalenbank.28749
Greate Pier hat de sterkste man west dy't Fryslân oplevere hat. Mar Sterke Hearke wie ek sterk. It wie oars mar in meger mantsje haw ik wolris heard. Doe't er jongfeint wie moest er ûnder tsjinst, mar dêr hied er in great hekel oan. Hy wie soldaet to Ljouwert, mar dêr mocht er min wêze. Dêr stie in gewicht fan tolvehûndert poun by de kaserne. Doe sei er...
nl.verhalenbank.28748
Us mem har heit hat mei Sterke Hearke arbeide by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Hy wie frijhwat oan 'e luije kant, sei pake. As hy de keallen boarne moest, die er de amers oan 't jok, wylst er se bêst sà drage koe.
nl.verhalenbank.26997
35