Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
32 datasets found
Dutch Keywords: sterk zeggen
Sterke Hearke wenne to Droegeham. Hy wie op in kear mei de hynders op 't lân. Hy bistjûrde de ploech. Doe kom der ien by him, dy moest him ha, mar hy koe him net. Dy sei: Hwer wennet hjir Sterke Hearke? Doe hie Hearke de ploech mei ien hân optild en rjochtút stutsen. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.33456
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Neffens de forhalen mat der noait ien leefd ha dy't sa sterk wie. It gebeurde alris, doe wie er op 't lân oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en stuts him mei de iene hân rjocht foar him út en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Hy...
nl.verhalenbank.34488
As ien tige sterk is, wurdt der wol sein: dû koest wol in soan fan Sterke Hearke wêze.
nl.verhalenbank.24077
Sterke Hearke hie in greate bouwerij. Hy soe rogge ôfleverje, dy't er forboud hie. Doe sei de skipper tsjin him: "Jo meije mar ien fracht bringe. Mear net. Mear kin 'k net hâlde." Doe gong Hearke hinne en boun twa lekkens oan elkoar, en dêr smiet er alle rogge yn dy't er hie. Hy mocht mar ien fracht bringe, hie de skipper him hiten. Dit wie ien fracht. Hy...
nl.verhalenbank.30398
Sterke Hearke fan 'e Ham wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kommen der guon oan, dy fregen him hwer't sterke Hearke wenne. Hy pakte de ploech beet en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er." En doe sette er de ploech wer del.
nl.verhalenbank.29434
Syn soan Gerrit wie trouwens ek omrake sterk. Dêr't wy wenne ha op 't Skier, rekke de dokter mei de auto yn 'e greppel, tsjin 'e bou oan. Dokter koe dêr net wer wei komme. Hy hie by mem en dy west, en doe wie de auto by 't paed delsketten. Gerrit hie dat sjoen. Hy hie tsjin dokter sein: "Hwat nou?" "Ja," hie dokter sein, "ik sit hjir fêst." "Even...
nl.verhalenbank.38466
De potskippers yn Sumar wienen tige sterk. Sy hieten 'van der Meer'. Doe't ik in jonge fan sa'n jier of tolve wie, wennen wy yn 'e Wierren. Doe hienen dy potskippers in fearskipke. Potifars woarden se ek wol neamd. Ien fan dy mannen, Sweitse van der Meer, kom op in joun mei 't fearskipke oan. Under yn 'e snikke hied er in fet mei trijehûndert poun sjerp...
nl.verhalenbank.29451
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen oan him of er har ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân. Dy tilde er mei ien hân op en dêr wiisde er mei nei syn hûs en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe sei er: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28015
Yn Kimswerd wenne greate Pier. Dy wie ris oan 't ploegjen op 't lân. Doe kamen dêr twa mannen by him, dy hienen gjin bêste bidoelings. 't Wienen twa boeven. Greate Pier hie dat fuort yn 'e rekken. Hja fregen Pier as er har ek oantsjutte koe hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op mei syn iene hân en wiisde dêrmei nei de pleats. "Dêr wennet...
nl.verhalenbank.32138
Greate Pier wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kommen der soldaten op it lân, dy moesten him fange, mar sy koenen him net. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe tilde greate Pier mei ien hân de ploege op. Dy stiik er foar him út en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe't de soldaten dat seagen naeiden se gau út.
nl.verhalenbank.32676
Der wie ris in man, dy moest by greate Pier wêze. Hy koe him net fine, mar der stie in man op it lân to ploegjen. Hy tocht: dy mat ik mar ris freegje. Hy hie net yn 'e gaten dat dat Pier sels wie. Hy sei: "Witte jo hwer't greate Pier wennet?" "Jawol", sei dy, en hy stuts de ploech foar him út. "Sjoch, hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.28348
Myn oer-beppe wie in dochter fan Douwe Tsjallings Reitsma. Dy Reitsma wenne op Great-Angterp, in pleats op 'e grins fan de âlde Parregeaster mar. Dy mar is nou ynpoldere. Fan dy man binne ûnderskate staeltsjes fan syn sterkens en fluggens bikend. Sa wie it ris hurdriden yn Makkum yn 1812 op 't séiis. Douwe Tsjallings die ek mei. Hy moast de eerste rit be...
nl.verhalenbank.50547
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Der kom ien by him. Dy sei: "Wite jo ek hwer't sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke de hynders útspand en de ploege mei de earm foarútstutsen. "Hjir stiet er," hied er sein, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.26001
Hearke wie ris oan 't ploeijen. In man kom by him. Dy woe nei Sterke Hearke ta. Hy komt by Hearke op 't lân. "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?" frege er. Hearke spant it hynder even út. Hy kriget de ploech en tilt him op en wiist der mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," seit er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.35928
Evert de Jong wie ek tige sterk. Se wienen allegear bang foar him. Net ien fan 'e skippers hoefde by him op 't hiem to kommen. "Als ik met mijn sterke hand iemand terneder vel," sei er, "blijft hij dood liggen."
nl.verhalenbank.23554
Der wie ris in sterke keardel. Dy hie wolris heard fan Sterke Hearke. Dêr woed er wolris mei wrakselje. Op in dei gong er nei de Ham ta. Dêr stie ien op it lân to ploeijen. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" It wie Sterke Hearke sels dêr't er by stie, mar dat wist er net. Hearke nom de ploege yn 'e rjochter hân en stuts dy foar him út en sei: "Dat...
nl.verhalenbank.28140
Heit fortelde ek fan Sterke Hearke. Der wienen us guon by him kom op 'e bou wylst er oan 't ploeijen wie. "Hwer wennet sterke Hearke?" hienen se frege. Hearke hie de ploege mei ien hân optild en sein: "Sjogge jimme dat hûs dêr?" En hy wiisde it mei de ploege oan. "Nou, dêr wennet er. En hjir stiet er." hied er sein.
nl.verhalenbank.26179
Sterke Hearke wenne ûnder Droegeham. 't Wie in dikke brede man. Hy wie in kear op 't lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe hied er de ploech foarútstutsen en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.27500
Sterke Hearke wie hwat oan 'e luije kant. Hy hat ek plysje west. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Hy hie ien hynder foar de ploege hawn, hy loek sels mei. Doe wie der in reizger oankaem, dy frege him hwer't Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân rjocht útstutsen en sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23957
Der kom us in man by Hearke-en-dy op it hiem. It wie in sekere Durk Vries. Hy wenne yn Koaten of yn Droegeham. Hy kom om Hearke, mar dy wie net thús. Tsjin Hearke syn mem sei er, hy wie eins kom om tsjin Hearke to tillen. Doe sei 't minske: "Sjoch, dêr leit in stien. Dy weecht fjouwerhûndert poun. Dy tilt Hearke oan in pear fingers op. Bisykje jo it ek...
nl.verhalenbank.19563
35