Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: sterk man Place of Narration: Twijzelerheide
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners. Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen. Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder. Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Eibert Veenstra wenne ek yn 'e Westerein. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hy wie boer en fékoopman tagelyk. 't Wie yn 'e hjerst en om by him to kommen moest men in hiele smoarge modderreed lâns. 't Wie in hiel ein en 't wie ien en al brabze. Hindrik van der Veen ried altyd mei bargen nei Ljouwerter merke ta. Op in kear soed er bargen fan Eibert ophelje. 't...
nl.verhalenbank.27387
Sterke Hearke siet in kear yn in stik lân. Dêr hied er hwat to dwaen. Doe wie der in keardel by him kom. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe hie Hearke de kroade yn ien hân beet krigen. Sa hied er him optild en rjocht foar him útstutsen. En doe hied er 't plak oanwiisd, hwer't er wenne.
nl.verhalenbank.27384
In man of fjouwer wienen ris dwaende mei in swier ambyld, dat stie op 'e wein en dat moest yn 'e smidderije droegen wurde en op 't houtblok set. It wie min wurk en 't ambyld wie eins net to tillen. De mannen wienen der hwat mei oan. Doe kom Sterke Hearke dêr lâns. "Soestû ús net eefkes helpe kinne?" fregen se. Dat wie Hearke goed. Hearke nom it swiere...
nl.verhalenbank.34470
It is faker as ien kear gebeurd dat by 't dongriden it hynder de wein mei dong net út it skerngat krije koe. Dan die Atse-om it hynder foar de wein wei en hy nom it tiksel yn 'e hân en hy luts de folladen wein der út. Dan spande hy it hynder wer foar de wein, dat koe 't dan fierder wol lûke. Mar as 't der op oan kaem dy híj it. Doe't er 80 wie hied er al...
nl.verhalenbank.34469
Atse-om wenne yn Twizelerheide. Sterker keardel hat der noait west. Hy krige moarns in timpe roggebrea mei bargeriezel, dy wie trije tûmen dik. Elke dei sea er in kynsens koer - dat wie fyftich poun - jirappels foar de bargen. Dy jirappels helle er fan 'e bult. Dan krige er dy koer fol jirappels mei tûme en finger beet en sa droech er dy nei de fjûrpot ta.
nl.verhalenbank.34468
Jan wenne oan 't Slochterdjip yn Grinslân. Myn man hat him skoan kend. Hy wie ûnbidige sterk. Der lei in skou yn it djip, 't wie in greate fjouwerkante bak. Dy woe Jan op 'e wâl ha. De wâl wie wol oardel meter heech. Sa heech moest er him oplûke. Der farde in snikke fan Slochteren nei Grins. Dy moest earst foarby fard wêze, foar't Jan mei it krewei...
nl.verhalenbank.22024
Jan hat ek us in kear in keardel oer in hiele wide sleat hinne smiten. Jan wie in Grinslanner. Hy wenne mei syn beide bruorren oan 't Slochterdjip. Alle trije bruorren wienen âld-feint. En sy wienen ek alle trije sterk. Se hienen rêgen as barten.
nl.verhalenbank.22025
35