Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: staan Place of Narration: Kollumerzwaag
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Myn omke, Jan-om, tsjinne yn Grinslân by in boer. Jan-om wie in raren ien, dy stie nergens foar. Dat wie algemien bikend. Dêrom praetten guon ûnder inoar ôf, hja woenen him ris bang meitsje. Doe wie der ien by 't tsjuster op in dongpost stean gong mei in wyt lekken om. Doe wie Jan-om thús kaem en dy seach dat. Hy bleau stean en sei: "Een spook op een...
nl.verhalenbank.37357
Yn Driezum dêr is ris ien by de tsjerkedoar stean gien mei in wyt lekken op. It wie jountiid en hy woe ien bang meitsje, dy't dêr lâns moest. Doe't dy der oankaem bleau er stean en sei: "Ien spûk ha 'k wolris sjoen, mar noait twa op elkoar." Deselde dy't him bang meitsje woe wie stoarn fan skrik.
nl.verhalenbank.37356
Greate Pier wenne to Kimswerd. Der wie in man dy reizge dêrhinne, dy woe nei Greate Pier ta. Greate Pier wie in boer en hy wie krekt oan 't ploegjen doe't dy man der oan kaem. Hy hie twa hynders foar de ploech. Doe frege dy man him: "Kinne jo my fortelle, hwer't greate Pier wennet?" "Jawol", sei Pier. Hy krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op....
nl.verhalenbank.38615
Myn pake dat wie Piter Bosma, dy wie plysje yn Feankleaster. Gemeenteplysje. Jouns 12 ûre moesten alle café's yn 'e gemeente sluten wurde. Dan reizge hy by al dy café's lâns, en yn elk café traktearre de kastlein him op twa buorrels. Hy naem op 'e hinnereis de iene kant fan 'e wei, op 'e weromreis de oare. De café's koenen dan fansels krektsalang iepen...
nl.verhalenbank.38619
35