Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Dutch Keywords: staan Place of Narration: Harkema
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Der kom us in man by Sterke Hearke. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Dy man woe mei Hearke wrakselje, hwant hy wie sels èk sterk. Mar hy koe Hearke net. Dèrom frege er: "Wytstû ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploege weidien en hy hie de ploech mei ien hân optild. En doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir...
nl.verhalenbank.29355
Janne Met wenne op Readskuorre. Hja hat in dochter hawn, dy hiet fan Frouk. Dat bern woarde ôfgryslike min bihandele. Sy iet by de bargen krekt as de Verloren Zoon. Hja is dan ek stoarn. Mar doe't se goed en wol dea wie, stie se op in joun samar by de tafel. Dat is faker as ienkear gebeurd.
nl.verhalenbank.20952
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke krige de ploech mei de hân beet en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.23526
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploege yn 'e hân en stuts him foar him út. Doe sette er de ploege wer del en hy sei: "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33292
Ik en myn wiif hienen us to jounpraten west nei myn swager Fokke Alma, dy't oan 'e Betonwei wenne hat. Wy gongen werom, doe kom der in grouwe, swarte houn by ús. As wy steanbleauwen, bleau dy houn ek stean. Wy woarden beide binaud. Doe't wy oan ús folke hûs ta wienen, gong myn wiif dêr yn 'e hûs. Ik bleau stean en krige it mes. Mar doe seach er my lyk oan...
nl.verhalenbank.19524
By de Fjouwer Wringen ûnder Surhústerfean spoeke altyd in hynder. Dat stie mei de kop oer de hekke hinne. Kom men der by, dan wie 't samar ynienen net mear to sjen.
nl.verhalenbank.20955
Warmolds wie in boerke. Hy hat as oefener hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. It folk wie hjir tige rou en rûch. Doe't hjir it evangeelje kom nom dat in hiele kear. 't Folk woarde biskaefder. Warmolds kom fan Stiensgea. Hy woe hjir in tsjerkegebou delsette. Mar hwer moest dat komme to stean? Op in nacht roan Warmolds troch de Harkema. Hy roan by 't...
nl.verhalenbank.32982
Imke de Jong liet de minsken stean. Hy koe se ek útklaeije litte. Hy liet us in kear in jongfaem, dy't op 'e wei lâns gong, de klean samar ôffalle.
nl.verhalenbank.25810
Tseard van Dekken fan Droegeham hat Imke de Jong de gek al ris oanstutsen. Doe liet Imke him fêst stean. Hy koe net in kant mear út.
nl.verhalenbank.25782
Men mat noait op in pod traepje, hwant dan bigjint it to tongerjen, sizze se. Trapet men op in slak, dan tongert it ek. Ek as men op in tongerblomke trapet.
nl.verhalenbank.21145
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Mike Ruerd (R. v.d. Veen) seach us ien foarbygean, dêr moest er mei prate. Hy rôp him, mar dy oare roan fierder, krekt as hearde er him net. "Wolstû net wachtsje, jong?" rôp Ruerd. Doe sei dy oare: "Né." Doe liet Ruerd him stean. Hy koe net in stap mear forsette.
nl.verhalenbank.21231
Der wie us in man yn 'e Hamsterheide by moai ljochtmoannewaer oan 't murdejeijen. 't Wie tige let yn 'e nacht. Hy seach, dat der noch ljocht brânde yn in hûs. Heden, tocht er, dêr binne grif jounpraters. Hy kom tichterby. Doe seach er dêr foar de glêzen in pear froulju stean. Dy steane dêr to harkjen, tocht er. Dy sil ik aenst it leksum us oplêze. Mar...
nl.verhalenbank.15786
Ek us in kear, doe wied er oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy wie ek tige sterk. Hy woe wolris sjen hwa't it sterkste wie, hy of Hearke. Mar hy koe Hearke net. Dêrom frege er hwer't sterke Hearke wenne. Doe stuts Hearke de ploech út mei ien hân en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er." Doe wist dy man wol hwa't de sterkste wie.
nl.verhalenbank.25909
Yn 'e nacht fan 24 op 25 désimber stean de kij op stâl allegear oerein. Der is dan net ien dy't leit.
nl.verhalenbank.25920
Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen op 't lân. Doe kom dêr in man by him op 't lân. "Wite jo ek hwer 't sterke Hearke wennet?" frege dy. Hearke hekke de hynders út en krige de ploege mei beide hannen beet. Sa tilde er him op en sei: "Dêr wennet er en hjir ha jo him." En doe hied er mei de ploege it hûs oanwiisd.
nl.verhalenbank.26219
Dyselde man lei op in nacht op bêd. It ljochtsje brânde op 'e tafel. Doe seach er dêr by de tafel in fanke stean, dat fanke wie oan 't breidzjen. In pear kear seach er it famke oan. Doe seach it famke ek nei him. Sy woarde bang. Doe draeide de man syn egen even nei 't lewant ta. Even letter, doe't er wèr seach, wie 't fanke fuort.
nl.verhalenbank.15789
Der wenne in man yn Drinte, dy woe wite, hwer't Sterke Hearke wenne. Hy trof Hearke oan op 't lân, mar hy koe Hearke net. Hearke wie krekt oan 't ploeijen. De Drint frege him of er ek wist, hwer't Sterke Hearke wenne. "Ja, sjoch," sei Hearke, "dêr wennet er, en hjir stiet er." En dêrby hied er de ploech fan 'e groun nom en dêrmei syn hûs oanwiisd. Neffens...
nl.verhalenbank.26169
35