Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
1,814 results
Dutch Keywords: spokerij
To Hurdegaryp wie in hiem mei in hekke. Dat wie by dokter Bontekoe. Dy hekke gong yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.24900
By 't Blauhûs, oan diz' kant it Surhústerfean leinen froeger houtsjes, dêr koe men oer om fan Boelensloane nei 't Fean ta. Dêr spûke froeger in koe. Dy joech lûd as wy krekt oan 'e beamkes ta wienen. "Hark dêr balt er wer", seinen se dan. Guon doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.28135
Op it trêdde stik lân fan 'e Pasterije-lannen tusken Sumar en Sumarreheide seach Melle-om by de bocht spoekjes. Dat wienen neakene berntsjes. Hy seach se by joun. Men wol wol ha dat dy dêr fan kant makke binne en sûnt dy tiid gjin rêst mear ha.
nl.verhalenbank.33273
Yn Hurdegaryp is in hameije, dy stiet altyd iepen. Docht men him op slot, dat jowt neat.
nl.verhalenbank.25377
Wibe Alma fan 'e Harkema kom út 'e kroech (it Jachtfjild). Doe wie dêr in lyts hountsje, dat smiet him oer de feart hinne.
nl.verhalenbank.25415
Yn 'e Houtigehage roun in houn yn 'e dykswâl om mei in koperen tabaksdoaze dwars yn 'e bek. Dy roan dêr mar hinne en wer. In spoekhoun. Hy joech ek lûd. Guon dy't him dêr ris seagen, woarden sa binaud, dat sy fluchten meielkoar op bêd.
nl.verhalenbank.34450
Yn Grinslân hienen se spûkskuorren. Dêr gongen de doarren nachts samar fansels iepen. Dat wie by Usquert. De tsjernmoune gong yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38518
Yn 'e Rottefalle, by de âld tsjerke spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24131
Op it Spoekeloantsje yn Drachtster Kompenije hat in man him us opknope. Letter spoeke it dêr.
nl.verhalenbank.23845
It sizzen is altyd dat der yn 'e Harkema oer de dunen in gouden wein hinne gien is, lyk op it Knjillisdjip yn. Dy gong oer alle hichten en folge in sânbank, dy't oan 't Knjillisdjip ta rint. Dy gouden wein passearde de Skieppedrifte en de Hamster-ikkers.
nl.verhalenbank.20356
By de Krúswetters koenen de skippen noait fêstlizzen bliuwe. Dêr spûke de Lange Sleatterman, dy't de skippen yn 'e nacht losmakke en de ankers op it dek smiet.
nl.verhalenbank.34451
't Spoeke eins oeral wol yn Twizelerheide. Slim wie 't ek oan 'e sânwei nei Twizel ta. Dat wie in ûre geans (nou Nije wei). Guon hienen dêr lêst fan in pleachbeest hawn. Forskeidene jonge minsken doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.27377
By de marechaussee-kaserne yn Bûtenpost roan altyd in swarte houn om. Se seinen dat dat in pleachbeest wie. Ik haw him noait sjoen, mar myn suster Tsjits gong dêr ris op in joun lâns to boadskipjen, mar doe wie dy swarte houn op har ta kom. Doe hie se hurd makke dat se thús kom.
nl.verhalenbank.33302
Op Bennemastate to Hurdegaryp wie in hekke, dy hat men wit hoe faek fêstmakke mei kettings en greate slotten der op, mar om tolve ûre yn 'e nacht gong er altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.24497
Tichte by Ljouwert oan 'e strietwei stiet in hek, dat noait ticht sit. Dêr spûkje twa neakene berntsjes om, dy dogge dat.
nl.verhalenbank.17707
By de Skilige Piip roun in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. Dêr wienen wol minsken dy hienen it dêr net op stean.
nl.verhalenbank.17075
Myn man fortelde: Op 'e Tike-brêge stie us in keppeltsje jongfolk byelkoar. Sy spotten as beesten en flokten en ketterminten sa bot dat it net moai mear wie. Doe kom der in swart ding op 'e brêge. Dat hat de duvel west. Doe binne se allegear fan binaudens útnaeid.
nl.verhalenbank.22743
Willem Lap dy wenne tusken de Skieding en de Oerterper feart yn. Hy seach mear as in oar. Op in kear wie der ien stoarn. Dat wie Jan Pool. Syn dochter Mart wie al in pear jier wei. Doe sei Willem Lap sa: "Mart hat fêst net sa bêst mei har heit kind, hwant dy spoeke hjir niis noch om."
nl.verhalenbank.33666
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar. De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr. Dêr hie in frommes har ophong.
nl.verhalenbank.25400
1881