Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie ek ergens yn Grinslân in plaets, dêr wie in skuorre yn, as de minsken dêr slepten, dan woarden se nachts samar fan 'e iene golle yn 'e oare smiten. De arbeiders praetten dêr ûnder inoar wol oer.
nl.verhalenbank.19979
Us pake ûngetide ris in kear achter Ljouwert. Hy slepte yn 'e skuorre. Doe sei de boer tsjin him: "Nou meije jo joun net yn dy golle lizzen gean, hwant alles hwat yn dy golle lizzen giet, dat stjert. Ik ha der al hiel faek in kealtsje yn hawn en dat is elke kear dea gong."
Pake sei: "Soks meitsje jo my net wiis, dêr leau 'k neat fan."
Doe sei de boer: "As...
nl.verhalenbank.32740
Wibe Alma is us in kear út 'e kroech weikom. By âlde Japik en Heiltsje is er doe fan 'e wei tild woarn en in ein fuortsmiten woarn.
nl.verhalenbank.22303
Wibe Alma is yndertiid smiten woarn troch in lyts hountsje. Hy kom yn 'e Lange Wyk tolânne.
nl.verhalenbank.19981
Mike Ruerd (= R. v.d Veen) wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear wied er oan 't timmerjen by de earste plaets op it Bomkleaster. Dêr wenne doe Wyberen Hulshof.
't Wie winterdei en 't wie al bitiid tsjuster.
Der wie noch in man, dy holp Ruerd by it timmerjen.
Ruerd wie net in gewoanen ien. It wie in greate spotter. Hy biwearde by heech en by...
nl.verhalenbank.33642