Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
81 results
Dutch Keywords: smijten man
Sytse Jager wie in kear oan 't kuijerjen. Hy roan tusken in stik of hwat oaren yn. Doe woarde hy dêr samar tusken wei nom en oer de dyk hinne smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, seinen se.
nl.verhalenbank.23912
Yn 'e Wylgen wenne in tige ûnforskillich man. Dy biwearde, hy wie foar noch gjin duvel bang. Mar dy wurden hat er bilije matten. De duvel hat him letter smiten. Doe wie er lytsman.
nl.verhalenbank.29647
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
Lytse Wyberen wie ûngelokkich, dy ried yn in karke. Hy wenne hjir yn 'e Westerein. Dy is alris in kear mei weintsje en al yn 'e sleat smiten woarn. Mar dat wie it wurk fan 'e duvel. Doe sil er earst wol hwat útheve ha. Hy hat it sels faek forteld.
nl.verhalenbank.34573
Yn Twizelerheide wenne Piter, dat wie in raer man. Dy koe 't net folle skele hwat er sei en hwat er die. Op in kear doe't it oer de hege skuon roan en hy even letter it tsjerkhôf to Twizelerheide foarby moest, woarde er troch de duvel opnom en in hiel ein smiten. Hy kom yn 'e gracht fan 't tsjerkhôf tolânne.
nl.verhalenbank.35992
Auke Schievink fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Hy is ris in kear troch de duvel smiten woarn fan 'e iene kant fan 't paed nei de oare kant. Letter woarde er tige froom.
nl.verhalenbank.28047
Sytse Jager wie myn omke. Dy is ris in kear thús kom, doe wie 't gjin minske mear. Sa bot hie de duvel him smiten. Oer de dyk en de beamwâl hinne.
nl.verhalenbank.33301
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt. "Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!" en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten. Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer. Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle. 't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
Teunis Holthuis hjir fan 'e Harkema wie in tige bêste man, mar yn syn jonge jierren wied er los en krekt as syn heit doe't dy jong wie. Mar doe't it to raer mei him gong hat de duvel him der mei bimuoid. Dy hat him in kear pakt en oer de dyk hinne smiten. Dat gebeurde oan 'e Rydloane tusken Harkema en Bomkleaster. Sûnt wie Teunis bikom. Hy woarde in...
nl.verhalenbank.32987
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út. De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Ik wenne yn Twizelerheide. Ik hie dobbele mei dobbelstiennen. 't Wie yn 't holst fan 'e nacht, doe't ik út 'e herberch kom. Ik roan by in graft lâns. Doe woarde ik ynienen samar yn 'e graft set. It wie de duvel dy't my dat lapte.
nl.verhalenbank.27780
Hjir op it Hegelân yn Jistrum wenne in koopman. Dat wie ien dy die oars net as sûpe en swetse. Hy hie nergens earbied foar. Mar op in kear doe't er ûnderweis wie nei hûs ta hat de duvel him opnom en smiten. Doe is er raer thús kom. Letter is er tsjerks woarn.
nl.verhalenbank.23125
Albert Alma (de man fan Tet) wie in raren-ien. Hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun siet er yn 'e kroech by Japik Laverman op 't Jachtfjild. Hy sûpte en flokte en swetste en hy liet him ûntfalle: Ik bin fan gjin duvel bang. Doe't er let yn 'e joun de kroech forliet woardde er ûnderweis op 'e Skeankamp, dêr't nou bakker de Boer wennet, samar oer de dyk hinne...
nl.verhalenbank.12272
Yn 'e Körnhörn woonde Jan Oldenburger. Die had doar in caféeke. Olle Douwe ruskesnider sat doar 's oavends faek te floeken en te swearen. Dan had hij 't hoogste woord. "Ik bin niet bang as komt de duvel ook by my!" riep hij. En dan sette hy 't mes in 'e tafel. Doe ging hy op in kear noar huus uut 'e kroech fandoan. Doe sag hy doar wat lign onderweg. "Wat...
nl.verhalenbank.26011
Mike Ruerd (= Ruerd van der Veen) fan 'e Harkema wie myn pake. Dy is ris in kear troch de duvel smiten woarn. Op 'e Krúswei yn 'e Harkema stiet in beam, dêr hat de tonger yn west. Dêr wie Mike Ruerd sahwat oan ta doe't er op in joun fan 't timmerwurk kom. Hy hie 't arkbakje op 't skouder. Doe kom der him in man op side. Dy stompte him ider kear tsjin 't...
nl.verhalenbank.33178
Mike Ruerd hat oan 'e Boskreed wenne. Hy hie altyd mei de duvel to krijen. It wie in rare woeste keardel. Op in kear hied er in foer baelders thús krige. De duvel siet by him op 'e souder. Doe bigong Ruerd mei dy baelders to smiten nei de souder ta. Hy woe de duvel deasmite. Op 't lêst hied er 't hiele foer baelders op 'e souder smiten. Soms moest Ruerd...
nl.verhalenbank.21153
Alde Jan Stokje wenne op it Hegelân to Jistrum. Op in kear hied er him slim misdroegen yn 'e kroech. Underweis nei hûs ta hat ien him opnom en smiten. Hy woarde oer diken en sleatten hinne smiten. 't Swit briek him ta alles út. Hy hat it sels forteld. It wie de duvel dy't him to pakken hawn hie.
nl.verhalenbank.29292
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
81