Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: smijten Place of Narration: Boelenslaan
Hjir yn 'e Boelensloane binne wolris guon smiten woarn troch de duvel, as se út 'e kroech weikom wienen.
nl.verhalenbank.37850
Mike Ruerd is smiten woarn fan 'e Satan. De duvel hie him foargoed topakken. Op ien fan 'e houtsjes dy't oer de sleatten leinen fan 'e Skeanpaden (fan Readskuorre nei de Heide) dêr is Bouke Schievink al us smiten woarn. Bouke wie in raren en sûpte as in kreupel.
nl.verhalenbank.17596
Wibe Alma fan 'e Harkema is us in kear dronken út 'e kroech wei kom. Hy sei: "De earste de bêste, dy't my tomjitte komt, dy smyt ik oer 't lân, as wie 't de duvel ek." Mar doe is er sèls smiten woarn, troch de duvel.
nl.verhalenbank.23937
Op in joun siet der yn 'e Grinzer Pein in man yn 'e kroech. Hy dronk hiel hwat romerkes op en hwat er dêrby sei klonk net sa moai. Hy wie net bang foar de duvel, sei er. Doe't it let woarde moest er nei hûs. Dat wie nei de kant út fan Surhústerfean. Underweis moest er oer side. Dêr moete er in kunde, dy hie ek tofolle hawn. Dy gong de oare kant út. Even...
nl.verhalenbank.37767
Op in kear doe kom myn omke yn 'e nacht fan Topwear. Dêr wienen doe allegearre diken om 't lân hinne en dy diken dêr wienen soms paedtsjes op. "'k Wie midden op 'e dyk," fortelde er, "doe smieten se my samar ynienen de heide oer, wol fyftich meter fier. En der wie net in minske to sjen." Doe't er thús wie, hied er oan elke hier in switdrip hingjen. Dit...
nl.verhalenbank.28332
Kuke Ruerd (van der Veen) kom op in joun fan 't timmerjen. Hy moest de Skeanpaden oer nei de Harkema. Dêr leinen allegear houtsjes oer de sleatten. Doe't Ruerd oer ien fan dy houtsjes soe, woarde er op 'e kop yn 'e sleat goaid. Ruerd wie in raer man, it koe him neat skele hwat er sei. Dêrom hie de duvel him pakt.
nl.verhalenbank.28091
Alde Lútsen wie de heit fan Antsje Rinkelbel. Hy wenne oan 'e Fjouwer Roede. Sy neamden him ornaris Rinkelsma, omdat er jouns wol us op 'e harmoanika spile en dan song er dêr altyd in ferske by dat gong oer in sekere Rinkelsma. Hy hie in synbult op 'e rêch sitten sa great wol as in fuotbal. En ûnder 'e earm hied er ek sa'n greate bult. 't Wie in raren...
nl.verhalenbank.25483
Pake siet in pear dagen yn 'e gefangenis. Doe siet dêr ek ien yn, dy koe mear as in oar. Hy sei tsjin pake: "Soest wol in buorrel meije?" "Wiswol", hie pake sein. "Dan hoechst oars net to dwaen," hie er tsjin pake sein, "as even op 'e doar to klopjen. Dan wurdt dy direkt in buorrel tarikt. Mar tink der om, de earste buorrel dyst krijste, mast oer 't...
nl.verhalenbank.28421
Der wie in faem, dy krige noait in feint. Doe sei se op in kear, hja woe in feint ha, as soe 't de duvel ek wêze. De jouns woarde der kloppe, doe kom der in feint om har. Hja wie krekt oan 't ôfwaskjen op 'e tafel. Har mem seach dat de feint in knolfoet hie. De duvel siet al yn 'e hûs. Doe sei har mem tsjin har: "Mast' aenst de boarden mar falle litte en...
nl.verhalenbank.28291
Yn 'e Harkema wenne in man dy sei: "As der in duvel is, dan wol 'k him wolris sjen." En doe flokte er hiel bot. Even letter kom de duvel en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.28134
Rinse de Wind flokte in hiele dei troch. Nachts wie er deabinaud. Hy is ris in kear fan 'e wei ôf smiten woarn. Sytse Jager wie ek sa binaud nachts. Dy doarst net by nacht allinne bûtendoar. It wie in minnen-ien, in ûnminske. Hy forwinske alles en flokte as in ketter. Hy is op in kear troch de duvel oer in dyk smiten woarn op it eintsje wei fan Rienk...
nl.verhalenbank.32225
Wy sieten us in kear op 'e Langewyk mei in keppeltsje Harkema's yn 'e kroech. It wienen rûge mannen. Sy seinen tsjin my: "Dû giest mei." Sy nommen my mei de kant nei de Harkema út en ik forsette my net. Wibe Alma wie der ek by. Dy woarde samar opnom en yn 'e wyk smiten. Wibe krûpte der wer út en sei: "Hwa duvel hat my dat lapt?" Wer in lyts eintsje...
nl.verhalenbank.25509
By de Krúswei yn 'e Harkema wie 't froeger allegear perseeltsje-lân. Dêr stie us op in joun in kloftsje jongfolk by inoar. Dêr wie Sytse Jager ek by. Sytse Jager wie ien fan 'e raersten fan 'e Harkema. Unforskillich en ek noch gemeen. Sytse sei: "Ik mat even út 'e broek." Hy gong oer de dyk it lân yn. Dêr wie in dobbe flakby. Dy dobbe wie leech. Dêr...
nl.verhalenbank.21203
13