Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: sleutelgat toverij
De minsken hienen Yn Broek froeger de kaeisgatten ticht, fanwege de tsjoensters en de nachtmerjes.
nl.verhalenbank.27454
Muoike hat wolris forteld, sy útfanhûze froeger by har omke. Dy hie in keppel hynders, dy wienen yn 'e nacht alhielendal oerstjûr. Dêr kom dan yn 'e nacht in tsjoenster by, dy't op dy hynders omried. Dy tsjoenster kom troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.28275
In nachtmerje is in frommeske dat tsjoene kin. Sy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy leinen froeger wol duveldrek op 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.27481
Ien fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. Troch 't kaeisgat kamen se yn 'e hûs. Jy koenen in krús op 'e drompel dwaen, dan koe se der net yn komme, likemin as in tsjoenster. Bontsje Dalman fortelde, hja wenne yn Twizelerheide en doe woe der ris in frou nei har ta. Mar dat minske wie in tsjoenster. Bontsje die gau in krús oer 'e drompel,...
nl.verhalenbank.36153
4