Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: slaan Place of Narration: Drachten
Der wie in boer, dy hie in feint op 'e klaei. Dy wie oan 't ûngetiidzjen. Dy feint stie nergens foar. De boer tocht: "Ik sil him ris bang meitsje." Doe gong de boer op in joun yn 'e daem sitten mei in wyt lekken om. De feint moest dêr lâns. Dy tocht: dat wite ding, dat heart dêr net. Hy ûnderhelle de jageline fan 't hynder en sloech de boer dea.
nl.verhalenbank.25623
It mat yn earder tiden ris gebeurd wêze op 't Bûtenfallaet, net sa fier fan Drachten ôf. Dêr wenne in boer, dy hie twa feinten en in arbeider. Ien fan dy feinten liet him sa ris ûntfalle, dat er noait bang wie. Fan dy plaets kom men yn it doarp oer skeanpaden hinne. Sa nou en dan moesten se in sleat passeare en oer dy sleatten leinen planken. Op in joun...
nl.verhalenbank.33384
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net. Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
nl.verhalenbank.23625
Ien út 'e Houtigehage soe nei de faem ta. Dy wenne yn Surhústerfean. Doe't er oan 'e hulzenhage ta wie - tichte by 't Blauhûs - seach er dat der in kat njonken him roan. Dy bleau hyltyd njonken him. Hy hie in stok by him en dêr sloech er mei. Mar hy sloech dwars troch dy kat hinne. Doe hied er sa fan 'e wize west, dat hy wie it hûs fan 'e faem al lang...
nl.verhalenbank.24678
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar. Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker. Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!" Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen. Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
Op 'e klaei wennen in pear jongelju. Dy hienen yn 't hûs in keldersdoar sitten, dy't altyd fansels iepengong. 't Gebeurde us dat it jonge frommeske jierdei wie. De âlders fan wjerskanten wienen der útfanhûs. Se hienen de jounes hwat feest fierd. It jonge frommes rekke de nachts hwat út oarder. Sy gong fan 't bêd ôf. S_n mem slepte ûnder, hàr mem slepte...
nl.verhalenbank.32703
Tichte by Piter Kikkert ûnder 't Surhústerfean stie in boerespul, dêr stie de skuordoar altyd fan iepen. Dat wie ek sekuer wier, dat seinen Jan en alleman. Guon gongen moarns bitiid nei 't wurk, dan moesten se by Piter Kikkert oer 't hiem. Dan seagen se dêr dy doar wol iepen stean. Op in moarn ier en bitiid soe der in arbeider mei de Feanster boat nei 't...
nl.verhalenbank.28244
7