Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: samen man
Sterke Feije wenne yn Burgum. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy en syn hynderke dienen it wurk togearre. As de wein út it skerngat moest en it hynderke koe 't net dwaen, dan gong Feije der foar stean. Sa dienen se 't wurk beurt om beurt of togearre.
nl.verhalenbank.27812
Minse Griper en syn kammeraat hienen togearre sa'n toverboek kocht. Sy retten der om by hwa't it boek wêze soe. Doe wie myn omke sa ûngelokkich, dat hy der oan fêst rekke. Hy koe 't noait wer kwyt wurde. As er it forbrânde, dat joech him neat. Hy hat der sa lang as er libbe oan fêst sitten.
nl.verhalenbank.17647
Heine Hellinga roan op in jountiid op 'e singel yn Ikkerwâld (Schwartzenbergloane). Ynienen stapte der in man njonken him. Dy sei neat. Doe sei Heine: "Men seit ek wolris hwat, net?" Heine woarde fan it midden fan 'e wei ôf opnom en oer in beamwâl yn 'e sleat smiten.
nl.verhalenbank.24013
Mar Jelle krige it der mei to dwaen en woe 't boek wol graech kwyt. Dêrom sei er op in kear tsjin Boele: "Hjir hastû it boek hwat earder wer as de ôfspraek wie. As ik it wer noadich ha, dan freegje ik dy der wol om." Mar dat die er net, hy frege der noait wer om. Sadwaende hâldde Boele it boek. Boele wie âld-feint en wenne by syn mem yn 'e hûs. Op in kear...
nl.verhalenbank.20534
It gebeurde ris dat der yn Bakkefean in stik of hwat mannen prebearren in beam op in wein to laden. Se koenen 't net foarinoar krije. Doe kom sterke Ynse der oan. Ynse sei: "Ik sil jim wol even helpe." Doe tilde hy de beam sûnder help fan 'e oaren allinne op 'e wein. Doe't dat gebeurd wie, gong it folk meielkoar yn 'e hûs. Sy hienen net it fatsoen en...
nl.verhalenbank.23374
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen. Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
Der wie in boer, dy biwenne in hiele âlde rottrige pleats, in rottekleaster. De pleats wie o sa min. Mar hy koe noait in nijen ien bitelje, hwant it wie earmoed by him. Hy skripte nachts en deis troch, om toch noch de kâns to hawwen in nije pleats sette to litten, mar hy bidijde neat. Doe kom der op in kear in man by him, dy sei: "Yn ien nacht bou ik foar...
nl.verhalenbank.19738
Der wienen ris twa mannen, dy moesten foar harsels nei de duvelbander ta. Elk fan harren moest in drank ha. De duvelbander makke foar de iene man in drank klear. Doe sei er tsjin him: "Dû mast even wachtsje op dyn maet, hwant dy syn krûden matte trekke, dat duorret hwat langer." Mar de man sei: "Ik wachtsje net, ik gean fuort" en hy die syn drankje yn 'e...
nl.verhalenbank.12292
’t Huis tegenover ’t trippenhuis te Amsterdam Het geschiedde in den goeden, ouden tijd, toen de deftige heeren nog wel eens een praatje maakten met meschen als gij en ik, dat er aan den Klo- verniersburgwal te Amsterdam door de heeren Trip, een soort onderkoningen in de zeven provinciën, een kasteel van een huis werd gebouwd. De Amsterdammers van die...
nl.verhalenbank.42091
35