Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: rug hekserij
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster, dy wenne hjir yn 'e buert. Alde Sweitse hie in bern yn 'e bernewein. Doe kom der in greate grouwe swarte kat oan. Doe hat Sweitse dy kat mei de biezem oer de rêch houd. Alde Rikele Myt lei de oare deis mei de rêch kniisd op bêd.
nl.verhalenbank.23146
Myn omke hie bargen. Hindrik Pyk (=Hindrik Ophuis) kom in bulte by him. It wie in greate tsjoenster. Op in kear sei omke tsjin him: "Kom, jo matte de bargen ek us sjen." Dat hied er noait sizze matten. Hwant doe't Hindrik se sjoen hie gong it fuort mis. Hy tikte de bargen mei de hân op 'e rêch. Sûnt dienen de bargen neat oars as razen. Se woenen noait wer...
nl.verhalenbank.17565
Japik Kooistra fan Sweagerfean hie bargen yn 't hok. Boate Griet wie in lyts wyfke, dat tsjoene koe. Dy wenne njonken Japik Kooistra. Sy kom us op in moarn by him yn 't bargehok. Doe striek se de baerch oer de rêch. Doe woe de baerch noait wer frette.
nl.verhalenbank.24078
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Nolle Koaning (Nolle fan Bouke Syts) koe tsjoene. Bouke Syts sels wie ek in tsjoenster, Nolle hie 't net fan fremd. Hja hâldde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stuts. Nolle kaem by in buorman, dy hie bargen yn 't hok. Doe smiet er syn prûmke dêr yn 't hok. De oare moarns leinen de bargen allegear rjocht op 'e rêch. Se wienen deasiik. Doe gong dy...
nl.verhalenbank.29760
5