Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe.
As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Ik lei op bêd op 'e rêch mei de hannen ûnder 'e holle. Doe kom der in âld frommeske oan mei in blauwe tipdoek op 'e holle, in âlde, grize kadoffert.
Ik wie oan 't stjerren ta, doe't se kom. Doe't ik op 'e side komme koe, wie 'k forlost. It wie in nachtmerje. Sokken komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.20953
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan.
Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes.
Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang.
Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Sy sizze wol fan 'e sawn froulju út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Sy komme meastal troch 't kaeisgat by jin yn 'e hûs.
Myn wiif woe net langer yn dat hûs bliuwe. Sy sei: "Ik wol hjir wei." Hy kom wyks wol twa kear. Wy binne dêr doe wei gong to wenjen, allinnich om dy nachtmerje. Der wurdt wolris moal struid om de nachtmerje to kearen, ek wol kaf,...
nl.verhalenbank.26187
Ien fan 'e sawn dochters is in nachtmerje. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Der wenne in boer op Readskuorre, dy hie in pear hynders, dy woarden nacht op nacht troch sa'n nachtmerje biriden. De feint hat der wol ôf west to sjen, sa'n oorverdovend lawaei wie it. Mar hy hat noait hwat sjoen.
Op in kear struiden se de hynders kaf op 'e rêch....
nl.verhalenbank.26275
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan.
In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
Nachtmerjes binne froulju.
Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje.
In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange.
Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje.
De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045