Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: rug naloop
Hynders dy't lêst hienen fan nachtmerjes struiden se moal of kaf op 'e rêch.
nl.verhalenbank.21236
Ik lei op bêd op 'e rêch mei de hannen ûnder 'e holle. Doe kom der in âld frommeske oan mei in blauwe tipdoek op 'e holle, in âlde, grize kadoffert. Ik wie oan 't stjerren ta, doe't se kom. Doe't ik op 'e side komme koe, wie 'k forlost. It wie in nachtmerje. Sokken komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.20953
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Heit fortelde, oan 'e Dwarsfeart struiden se altyd kaf op 'e rêgen fan 'e hynders. 't Wie us gebeurd, doe hie de oare moarns de nachtmerje op 'e skerne stien, om de plúskes fan har klean ôf to sykjen. Hwant sy mocht neat meinimme. Klaes Boelens syn heit seach de nachtmerjes nachts foar 't glês oankommen, as er op...
nl.verhalenbank.19695
Sy sizze wol fan 'e sawn froulju út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Sy komme meastal troch 't kaeisgat by jin yn 'e hûs. Myn wiif woe net langer yn dat hûs bliuwe. Sy sei: "Ik wol hjir wei." Hy kom wyks wol twa kear. Wy binne dêr doe wei gong to wenjen, allinnich om dy nachtmerje. Der wurdt wolris moal struid om de nachtmerje to kearen, ek wol kaf,...
nl.verhalenbank.26187
Nachtmerjes dy knipe jin de hals ticht. Sy komme stil yn 'e hûs. Men mat wyt moal oer jin hinne struije. Dan kinne se net oer jin hinne komme. It binne frommeskes. As men op 'e rêch leit, dan kinne se jin samar pakke. Ik doarst froeger net heal op 'e rêch to lizzen fanwege de nachtmerjes. De klompen oarsom foar de drompel sette, dat holp. Ik wie bang foar...
nl.verhalenbank.20669
Nachtmerjes binne froulju. Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje. In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange. Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje. De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045
7