Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Mûzegroppe-wei, sa wurdt der sein, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals, dêr't in sleef yn sit.
nl.verhalenbank.32230
Op 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24379
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
nl.verhalenbank.32419
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd.
In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
nl.verhalenbank.24903
Us heit en dy wennen op 'e Langewyk. Heit en mem hienen dêr in winkeltsje. Doe kom dêr op in kear in frommes by heit yn 'e winkel, dy hie har man forlern.
Sy sei tsjin heit: "'k Ha myn man sjoen."
"Dat kin net", sei heit.
"Wier," sei se, "ik haw him sjoen."
"As 't wier is, wol ik him èk wolris sjen", sei heit.
Doe hied er tofolle sein.
Op in kear kom heit...
nl.verhalenbank.24381
Ik hie spul hawn mei myn âlden, doe kom ik by myn broer Ielke yn 'e hûs. Dêr krige ik ek spul mei, doe kom ik by myn âldste broer yn 'e kost. Dêr wie 't earmoed troef. Syn frou hat sechstjin ûntidige bifallingen hawn, dy bern binne allegear weirekke op 'e dei fan 'e geboarte. Mar trije binne yn leven bleaun, dy binne der nou noch, mar 't binne eins...
nl.verhalenbank.24444