Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: plagen zeven
In wearwolf, dat wie krekt sa'n ding as in nachtmerje. In wearwolf kom by de manlju, in nachtmerje by de froulju. Ien fan sawn bruorren wie in wearwolf, ien fan sawn susters in nachtmerje.
nl.verhalenbank.20388
In wjerwolf is in manspersoan, - meastal in jongkeardel -, dy't op in hynder rydt. Hy pleaget dat hynder, krekt as in nachtmerje de minsken. 't Is ien fan sawn bruorren. Ik ha wol ien kend, dy wenne yn Warffum.
nl.verhalenbank.28067
Ien fan 'e sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje, ien fan 'e sawn soannen in wjerwolf. In nachtmerje, sizze se wol, is in soart dier, dat de minsken nachts op bêd pleaget. Froeger dienen se duveldrek ûnder 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen. In wjerwolf is ek in soart dier.
nl.verhalenbank.21411
In nachtmerje is in frommeske. Ien fan sawn susters. Binne der sawn jonges, dan is ien in wolfmerje. By Epema yn 'e Westerein wienen acht jonges. Dêr wie in wolfmerje tusken. In nachtmerje giet der nachts op út. Dan giet se by oare minsken troch 't kaeisgat en dan pleaget se sokke minsken. Dy krije 't dan hiel binaud.
nl.verhalenbank.25835
4