Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: plagen boer
Der wie in boer, dy hie in hynder, dat wie nachts ôfgryslike drok. Dan skopte it en trape dat it raer wie. En moarns, op 'e stâl, roan him it swit yn stralen by de hûd del. De boer hie wol yn 'e gaten dat dat it wurk wie fan in nachtmerje. Der siet nachts in nachtmerje op it hynder. Op in nacht paste de boer op. Hy hie in ammerfol wetter klear stean....
nl.verhalenbank.24368
In nachtmerje is in frommes. Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
Yn Kloosterburen tsjinne ik by in roomse boer. Dêr wie 'k forlegen fan 'e nachtmerjes. Doe sei de boer tsjin my: "Ik sal dy helpn, wicht." Doe struide er roggemoal op 'e stoel foar myn bêd. Doe krige ik gjin lêst mear.
nl.verhalenbank.20108
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster. Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen. Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars. It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
6