75 datasets found
Dutch Keywords: pan
Eten veranderd Vruuger ginge ze op de kaoie (kaantjes), da wier dan 'n heul fist. Dan ginge ze goed zitte ete. Nou ha iemand de kaoie in de pan op de kachel gezet, en ze zaote mar te wachte. Toen ze us keke vonde ze 'n pan vol mee pèrdemoppe, dan waore de kaoie weg.
nl.verhalenbank.41611
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer." Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei." Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
"Er was eens een arme boerenfamilie. De familie had het moeilijk en kon met moeite iets op tafel krijgen. Uiteindelijk was het geld op. Hierop ging de boer naar de bakker. Van de bakker kreeg de boer meel op de pof. De volgende dag maakten ze er pannenkoeken van. Toen verscheen echter een kat bij de boerenfamilie. Het dier zei: "Meel haalt en niet...
nl.verhalenbank.30598
De poepen dy't hjir kommen to meanen hienen in greate pot mei sûpe by har op 't lân. Dêr dienen se in kikkert yn, dan skeat dy sûpe noait gear.
nl.verhalenbank.23693
Op 'e Triemster loane, dêr spûke it. Dêr siet nachts altyd yn in great gat oan 'e side fan 'e wei in minske (in frou) to potskrabjen.
nl.verhalenbank.38112
Yn 'e Falom op 'e Achterwei roan altyd in fôlle, seinen se, mei in panne ûnder 'e bek.
nl.verhalenbank.25545
De nije lytsfeint. Der wie in jonge, dy kaem by de boer as lytsfeint. Oan 'e tafel iet er safolle, dat de greatfeint naem him geweken en sei: "Dit is yn 't onfoege, dit liket nergens nei. Dû mast ek us wite fan ophâlden." "Ja, mar," sei de jonge, "ik wyt net hwannear, hwant ik kin alles wol op. Sêd wurd ik doch noait." Doe sei de greatfeint: "Wiste hwat?...
nl.verhalenbank.18174
De tsjoensters siede nuddels yn in panne en dan stekke se der mei yn popkes om.
nl.verhalenbank.23874
Alle Tet sutele mei potten en pannen yn in kroade. Sy hat har al ris yn in skiep foroare. 't Is ek al ris gebeurd doe ha se in kat smiten mei in stien. Doe hie Alle Tet de oare deis in blau plak oan har.
nl.verhalenbank.12277
De boer en syn frou dy soenen togearre to praten. Se hienen in papegaei. De frou sei tsjin 'e papegaei: "Tink der goed om, hwat der yn 'e hûs gebeurt." De feint en de faem moesten hûswarje. Doe't de boer en de frou fuort wienen, sei de faem tsjin 'e feint: "Sille wy 't hjoed us bêst ha?" "Dat is my tige bêst," sei de feint, "my tinkt, dan moesten wy mar...
nl.verhalenbank.23055
Foar de nacht moest men in eintsje flaechs om 'e brake hinne wuolje, oars gong it yn 'e nacht op in braekjen. De tsjerne moest fêstset wurde, oars gong it op in tsjernjen. It spinwiele krektsa. De kopkes en pantsjes moesten yn elkoar set wurde, oars stienen se de oare moarns yn 'e kast.
nl.verhalenbank.26840
In fôlle mei in pot om 'e hals spûke op twa plakken yn 'e Rottefalle: Op it eintsje fan 'e grifformearde tsjerke of oan 'e Lange Wyk ta en by 't bigjin fan 'e Rydloane. Op beide plakken wie in boskje. Dy fôlle die neat, mar dochs wienen guon der binaud foar.
nl.verhalenbank.33732
Jehanne, de frou fan Japik Nauta hjiroer, rekke siik. Sy masteren mei greate Wopke fan Kûkherne. Japik gong ris op in kear nei Wopke ta om drank to heljen. Hy wie to foet. Wopke joech him in drankje foar Jehanne mei. Mar hy sei: Pas goed op, hwant jo krije lêst ûnderweis. Jo matte de drank goed opbergje. Doch it ûnder 'e jas. Der meije foaral gjin...
nl.verhalenbank.15905
Myn man hat by Abe Kooistra yn 't wurk west. Doe kaem Jehannes dêr ris op in kear mei tsiis. Doe sei er tsjin 'e frou: "Jo ha dêr hwat yn 'e panne, dat wol der net yn bliuwe, 't siedt der allegear út wei." En sa wie 't ek. Der sieten terms yn 'e panne. Mar dêr bleau neat fan oer.
nl.verhalenbank.38262
By uzes thús wie ris ien fan 'e bern siik. Heit wie yn Grinslân op 'e klaei oan 't wurk, mem wie allinne by de bern thús. It sike bern lei by har op bêd. It wie der net bêst oan ta. It gûlde en jammere wit hoe faek. Doe't it even stil wie, fornom mem in biweging ûnder 't kessen, krekt as slierde der hwat. Doe tocht mem: it bern kin wolris bitsjoend wêze,...
nl.verhalenbank.28703
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan de Heide. Sy hie 't fral op bern forsjoen. Sy hat hjir genôch bern deatsjoend. It bern fan Roele Akke ek. Sy kom dan mei in moai praetsje yn 'e hûs en dan sei se sahwat flaeikjend: Hoe is 't mei 't berntsje, Akke? Op in kear kom se ek wer en doe sei se: Ik sjoch 't wol, 't is al hast wei. En doe soe se gau it bern...
nl.verhalenbank.15904
In de Flishoek of Vlishoek onder Holten kwam elken middag geregeld een groote zwarte kat over de achterdeur en ging dan naar de keuken bij het vuur zitten. Dat verveelde ten laatste deze menschen en daar ze wisten, dat zich daar in de buurt een tooverheks bevond, zouden ze haar die familiariteit eens afleeren. Den anderen middag kwam den kat op den...
nl.verhalenbank.39624
Imke en Durk fan Imke Se hawwe Durk fan Imke de Jong ris oppakt. Wêrom wit ik net. Doe siet er te Ljouwert yn 'e gefangenis, of yn 't hûs fan bewaring. Se hienen de doarren fêst, mar dy sprongen sa iepen. Doe gong er in herberch foarby, dêr sieten hearen te iten, it wie deftich spul. Dy hearen hienen it iten foar har. En se soenen der fan ite, heite, doe...
nl.verhalenbank.13027
In wjerwolf wie in man of in jonge, dy't noait sêd koe. Hy iet samar twa poun spek op mei fiif kop jierpels der by en in panne fol brij achteroan. En dan wied er nòch net sêd. In wjerwolf is de jongste fan sawn jonges.
nl.verhalenbank.27369
Boer Jedema wenne op 'e klaei. Hy wie great mei de faem. As de frou útfanhûs wie, makke de faem allegear lekker iten en drinken ré. Mar de papegaei forklapte altyd alles. Dêrom hienen se dy papegaei, doe't de frou wer us fuort wie, ûnder in koperen goatling set. Doe sei de papegaei de jouns tsjin 'e frou: "Vrouw, toen ik onder de koperen hemel zat, toen...
nl.verhalenbank.23655
35