Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: pad Place of Narration: Eastermar
Trape men op in pod of slak dan kom der tonger, seinen se.
nl.verhalenbank.37624
By ús yn 'e Houtigehage gebeurde 't froeger, dat se in pod troch 't lichem hinne stutsen mei in stôk, dêr't se in punt oan makke hienen. Dy pod kom dan yn 't oes fan 't tek. Dêr fordroege er. Siet der wrang yn 't jaer fan in koe, dan woarde dy fordroege pod yn in stik brea birolle en sa moest de koe him dan opite. Dan woarde dy koe wer better.
nl.verhalenbank.12529
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
As der yn in húshâlding sawn famkes binne, is ien dêrfan in nachtmerje. Men kin in nachtmerje keare troch de klompen achterstefoar foar de doar to setten of men kin hinnegean en meitsje mei de klomp in krús op it paed, dêr't de nachtmerje lâns moat. Dêr kin in nachtmerje net oer hinne komme.
nl.verhalenbank.12265
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.29319
Guon wurde mei de helm geboaren. Dy sjogge de lykstaesjes foarút. Ik haw sa'n ien noait kend. "Sy matte it bislist sjen", sizze se. Us mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op in paed."
nl.verhalenbank.35930
Trape men op in pod, dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.28383
Noait op in pod traepje. Oars krijt men tonger.
nl.verhalenbank.36179
Froeger seinen se tsjin ús: "Net op in pod traepje hear, oars komt der tonger."
nl.verhalenbank.34642
In pod mei men neat dwaen, hwant dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.12285
35