Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: paard Place of Narration: Drachten
Op 'e Houtigehage spûke froeger in hynder om.
nl.verhalenbank.25705
Oan 'e Lútnantsloane by Rottefalle, dêr spoeke altyd hwat yn 'e gedaente fan in hynder om.
nl.verhalenbank.19689
Der wie in boer, dy hie in feint op 'e klaei. Dy wie oan 't ûngetiidzjen. Dy feint stie nergens foar. De boer tocht: "Ik sil him ris bang meitsje." Doe gong de boer op in joun yn 'e daem sitten mei in wyt lekken om. De feint moest dêr lâns. Dy tocht: dat wite ding, dat heart dêr net. Hy ûnderhelle de jageline fan 't hynder en sloech de boer dea.
nl.verhalenbank.25623
Tichte by Surhústerfean, oan 'e Groninger weg hat men de Klaes Simensdaem. Dêr stiet in buorkerij by, in eintsje it lân yn. Dêr op 'e Klaes Simensdaem, is it sizzen, dêr spûket in hynder sûnder kop.
nl.verhalenbank.36954
Yn 't lân fan Klaes Schriemer wie in dobbe. 't Is oan 'e Noarderdwarsfeart. Dêr mat froeger ris in hynder yn forsûpt wêze mei de amer om 'e hals. Ik haw ek wolris heard fan in hynder sûnder kop, dat ergens spûke. As dat nou dàtselde hynder wie, wit ik net.
nl.verhalenbank.37120
Durk Pultrum hat kastlein west yn Houtigehage. Letter wenne hy dêr net mear. Doe sei er us in kear: "As ik hjir wei brocht wurd, dan wol ik hjir noch even oan om in slokje." Doe't er dea wie en dêr lâns riden woarde nei 't tsjerkhôf ta, doe bleau it hynder stean. En doe't de koetsier it opjage, bigoun it to steigerjen.
nl.verhalenbank.22936
Klaes Schuurman wie in broer fan master Schuurman en wenne yn Drachtster Kompenije. Op in kear sei er: "Ik ha fannacht in bigraffenis sjoen. Foar de lykwein roannen in skimmel en in swart hynder. Mar fan hwa't de bigraffenis wie, dat wist er net. Ridlik gau dêrnei forstoar Klaes Schuurman. Hy wie noch jong en wie troud mei in dochter fan Willem Weening....
nl.verhalenbank.36904
Der wienen twa bruorren. De iene hiet fan Teade. Se wennen op 'e Middelgeast tussen Smelle Ie en Boarnburgum. Hja rieden op in kear elk op in hynder. Doe seagen se dêr in gedaente fan in man. Dat like oars as oars, krekt as doogde it net. Doe sei Teade: "Dêr wol 'k op sjitte." Hy hie 't gewear by him. Mar syn broer sei: "Doch dat net. Hwat hast dêr mei...
nl.verhalenbank.29645
8