Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: paard man Place of Narration: Twijzelerheide
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners. Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen. Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder. Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Sterke Hearke fan de Ham wie ris oan 't ploegjen op it lân. Hy hie net in hynder foar de ploech. Doe kom der ien by him. Dy sei: "Kinne jo my ek fortelle hwer't sterke Hearke wennet." Hearke krige de ploech beet en tilde him mei ien hân fan 'e groun. Doe wiisde er mei dy ploech nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28841
Egbert Golo wie mar in lyts mantsje. Mar 't wienen allegearre spieren. Hy wie oersterk. Hy hie buorkerije. Op in kear doe wienen der trije jonge bazen, dy seagen Egbert Golo oankommen mei hynder en wein. Sy seinen tsjin elkoar: "Nou kinne wy in moaije grap ha, dan wite wy ek, hoe sterk hy is." Doe lei dêr in dikke, grouwe beam, dy wie ôfkapt. De trije...
nl.verhalenbank.28846
Alde Foppe van der Ploeg syn heit fan Koatstermoune fortelde, Hearke hie ris in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.38638
De dichter Joost van den Vondel moest nei Leiden ta. Hy wie to gean, mar doe kom der him in man achterop mei hynder en wein. Vondel tinkt: "Miskien kin 'k mei ride." Hy koe de boer wol, dy't op 'e wein siet. Dat wie net sa'n bêsten ien. Nachts dan forweide er syn beesten yn in oar syn lân. Dat wist Joast allegear wol. "Kin 'k ek mei ride?" frege er. De...
nl.verhalenbank.28399
De heit fan myn skoandochter hat faek nei de Grinzer klaei ta west to arbeidzjen op 'e bou. Hy hat dêr ris yn in spûkskuorre oernachte. Se hearden dúdlik dat der dêr midden yn 'e nacht yn dy skuorre terske woarde. De skuorredoarren gongen iepen en de hynder-en-wein kom der oanriden; en dan waerd der sein: "Fuort, kedde!" Dat hied er allegear klear heard.
nl.verhalenbank.23767
Sterke Hearke wie ris oan 't ploegjen mei twa hynders foar de ploech. Der kaem in man by him, dy frege him hwer't Hearke wenne, hwant hy moest nei Hearke ta. Hearke hie de beide hynders útheakke en de ploege beetpakt. Dy hied er optild en sein: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.38637
Us heit tsjinne by de boer. Der wie yn dat plak in feart mei in brêge der oer. Op in kear doe stie der in protte folk by dy brêge. Heit wie der ek by. Doe hearden se in stem út it wetter wei: "De tijd is der al, maar de man is der niet." Dat woarde in pear kearen achter elkoar sein. Mar der wie neat to sjen. Doe kom der in seas oan riden mei in hynder der...
nl.verhalenbank.20091
Fokke ried ris mei in weinfol baelders. Doe briek der ûnderweis in rad fan 'e wein. Doe krige Fokke it rad beet en tilde dat op wylst er it hynder mende en dat hâldde er sa fol oan hûs ta.
nl.verhalenbank.38335
35