Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: overlijden straf
I. De duivel 4. Wordt van hem verteld, dat hij, evenals de nachtmerrie de mensen berijdt of dat hij bepaalde mensen (b.v. de vloekers) achtervolgt? Hier nooit van gehoord. Oudere menschen spraken wel van iemand die algemeen zeer ongunstig bekend stond en overleden was, dat hij lichamelijk een moeilijke of zware dood gehad had. Dat werd als “straf”...
nl.verhalenbank.127204
Op 'e Godloas Singel dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid. Hy hie yn 'e herberch sitten en dêr hied er tige flokt. De oare deis lei er dea op bêd.
nl.verhalenbank.30856
Ielke Forwoest wenne yn Kûkherne. Omdat it sa'n forwoesteling wie neamden de minsken him sa. Hy joech nergens om. Hy sei om 't oare wurd in flokwurd en spotte mei alles. Op in kear wie er mei it jongfolk oan 't fierspringen. 't Wie by de Kûkhernster feart. "Gjin duvel dy't tsjin my springe kin", sei er. Mar doe kaem der ien dy koe fierder as hy. Dat wie...
nl.verhalenbank.32009
Yn 'e Falom soenen in stik of hwat jonge bazen to baeijen. Myn broer wie der ek by. Sy hienen har allegear útklaeid en sa stienen se op 'e wâl. Sy hienen ôfpraet, sy soenen allegear sa fier springe as se koenen, fan 'e wâl ôf yn 't wetter. Doe sei ien fan dy jonge bazen: "Dêr dan foar den duvel!" En doe hied er de sprong nom. Mar hy wie net wer boppe...
nl.verhalenbank.25201
De Skilige Piip leit oan 'e Godloaze Singel, dy't rjochtút rint nei de Falom ta. Op 'e ein fan 'e Godloaze Singel dêr stie in hûs. Op in kear wie der feest. De biwenner fan dat hûs hie dêr ek wakker oan meidien. Hy hie in protte drank brûkt en rare wurden sein. 't Wie in ûnforskillich man. Doe kaem der yn 'e nacht ien by him by de doar. Ien yn it hûs...
nl.verhalenbank.30423
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Yn Droegeham wenne in man, dat wie in hiele raren. Hy wie forwoest en die 't altyd raer. Hy wie op in joun yn Droegeham yn 'e kroech west en dêr hied er 't raer opsein. 't Wie tsien ûre doe't hy der útgong mei in dik stik yn 'e kraech. Mar doe hat der ien west, dy is mei him fuortsweefd. Hwant sy ha him de oare deis foun yn 'e Bûtenposter Mieden. Dêr hied...
nl.verhalenbank.25341
Yn 'e Rottefalle is 't ris gebeurd dat in stik of hwat manlju yn 'e herberch it heilich avondmael fierden. Se dienen dat spottenderwize, mei wyn en bôlle derby. Dêr wie ek in broer by fan Foppe Gees; dat wie in sekere Van Dyk, in hiel ûngelovich en ûnforskillich man. Wylst se drok oan 'e gong wienen foel dêr samar ynienen ien fan dy mannen dea del. Dat...
nl.verhalenbank.31546
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner. It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer. "Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it. "Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
Ik haw us as polderjonge fuort west, dêr wienen ek twa bruorren út 'e Houtigehage by. It wienen in Ritske en in Jan. Hja wennen tichte by de Trije Roeden. Ritske fortelde, sy wienen us oan 't baggeljen west - wy wienen yn 'e polderkeet, doe't er dat fortelde - dêr hie syn heit ek by west. Sy moesten de bakken fol klyn mei 't baggeljen forsette en as dat...
nl.verhalenbank.25159
Bontsje Keke wie froeger in forwoest man. Hy joech om God noch syn gebot en wie in great spotter. It gong him noait to mâl. Doe't er tusken de fjirtich en fyftich wie, lei er ris op in kear to jirappelsykjen op in stik lân op 'e Sweach, dat oan 'e wei lei. Doe hie dêr in man west, dy't alles sjen moest. Keke hie dat doe noch net; dy seach doe noch gjin...
nl.verhalenbank.29515
11