Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: optillen dronken
H.E.: He’j oene vrouw nog owwer n zul hen mötn buurn? E.M.: Dat wet ik zoa nich, mer wa n nienduur in, nienduur in, H.E.: ie mosn de vrouw owwer n zul henbuurn en a’j dan struukeln was dat n slecht vuurteekn. E.M.: dien moder he’k ok nog helpn mooi maakn, wat nen mooin kroam. Wat nen mooin kroam. (Er wordt door elkaar gepraat). Ik zat achter in de...
nl.verhalenbank.128546
Ze zegge, dattat veul minse overkomme is. Jan Willems verteldenes, dat ’t mee hum ok was gebeurd. Toetie soaves es ’n keer dör de gemeinte gieng, was ie zo mar ienens ien ’n graaf gezet. Mar toe ze ’m vroege: “Mar Jan, wie deej da?”, zètie: “Bè [wel], Schiedam!”
nl.verhalenbank.49715
Alde Sibe van der Veen dy hie dronken west. Hy kom út 'e kroech. Guon hellen him op, dêr wie ús mem ek by. Sibe hie hyltyd in pleachbeest op 'e fuotten hawn; it wie in hiele grouwe, swarte houn, dy wie net by him wei wykt. Mem sei, it wie de duvel.
nl.verhalenbank.27233
Ik haw in kammeraed hawn, dy syn heit, dat wie in raer man. Dy koe 't net folle skele hwat er sei. En hy mocht sa graech in slokje, dat hy wie hast altyd dronken. Op in kear kom er wer út 'e herberch. Hy wie smoardronken. Syn soan wie by him. Hja rounen de Simmerdyk del. Doe woarde dy man samar ynienen optild en in ein fuortsmiten. Dat hat de duvel dien....
nl.verhalenbank.38129
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk. In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
Yn Kollum wie in kroech, dêr gongen jouns wol gauris manlju út 'e omkriten hinne. Dy hienen in klub. De klearmakker dy't fóár ús wenne hearde der ek by. Dêr gong 't nochal hwat op in sûpen en se kamen faek oansketten thús. Hja kaertspilen dêr meimankoar. It is ris gebeurd dat der wer in ploechje manlju út Kollum wei kamen dizze kant út, doe woarde ien fan...
nl.verhalenbank.38116
Alde Koen Hoekstra fan Eastemar mocht graech in buorrel en hy wie wol us dronken. Op in kear doe kom er de Swarte Wei lâne. Doe woarde er op in momint samar opnom en yn 'e dykswâl smiten, sûnder dat er oait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.19784
Jan Huizinga wie slachter yn Burgum. It wie ien dy't gauris in romerfol kochte. Hy wie faek dronken en dan swearde en swetste er mar raek. Doe wied er op in kear oan 't hûs fan kantonrjochter Schaafsma ta: Glinstra-State. Hy hie 't wer raer opsein. Dêr woarde er ynienen opnom en yn 'e gracht smiten. Op 'e kop der yn. 't Wie op in joun. Sûnt hat er noait...
nl.verhalenbank.28639
Twa feinten sieten yn 'e kroech op 'e Foarwei. Hja hienen aerdich hwat hawn en swetsten mar raek. Doe gongen se fuort. Se kamen op 'e Lange Loane. Se moesten beide de Stasjonswei del. Ien fan 'e beiden woarde op 'e Lange Loane opnom en in ein fuortsmiten. De oare kaem neat oer. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36576
Ale Germ (v.d. Bij) flokte en bombardearde dat it in griis wie. Hy wie op 'e Koaningswei achter Feankleaster en hie in slokje op. Hy wie dêr mei myn omkesizzer en noch in feint. Germ woarde dêr samar ynienen opnom en smiten. Hy hie bûnt en blau west. Dat wie 't wurk fan 'e kweade. Hy forwinske God en syn gebod.
nl.verhalenbank.24054
Yn Donkerbroek wennet in weinmakker dy is och sa sterk. Anne Leffering is syn namme; hy leeft noch. Op in kear wied er op Gerdykster merke. Hy mocht graech in buorrel en dy kear hied er hwat tofolle hawn. Doe kamen der twa plysjes by him, dy soenen 't tsjin him yn 'e kant sette. Mar hy krige yn elke earm ien fan 'e plysjes en sette se tsjin 'e muorre oan.
nl.verhalenbank.36899
35