Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: onzichtbaar Place of Narration: Harkema
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
Sytse Jager wie ek ien, dy't midden ûnder 't jongfolk altyd mar flokte en swearde en swetste. Doe is er ienkear samar oer de diken smiten woarn. Dat hat de kweade dien.
nl.verhalenbank.15537
Bôkke Noordman wie koopman yn potten en pannen. Hy mocht graech in slokje. Hy kom in kear mei in sneed yn 't ear út in café op 't Fean. Doe kom der hwat by him mei gerûs. En mei iens woarde er by 't Feanster tsjerkhôf oer de beamwâllen hinnesmiten. Sûnt wie Bôkke bikeard en woarde er in tsjerkeman.
nl.verhalenbank.15626
Doe't wy yn Stiensgea wennen hienen wy ris op in kear to jounpraten west. Doe't wy weromkamen, wie der my hyltyd in kat foar de fuotten. Mar it fremde wie, dat ik him net seach, mar myn wiif wol. "Pas op, dû stiest der hast op", sei se. Ik sei: "Hwer is dat ding, dan traepje 'k him yn 'e sleat." Mar ik koe him net sjen. Hy hat mei ús oan hûs ta west. Myn...
nl.verhalenbank.27287
In sikere van der Wyk kom de Lytse Wei ris lâns sa'n 35 jier lyn. 't Wie by jountiid en hy wie op 'e fyts. Doe woarde er samar mei fyts en al fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare kant set.
nl.verhalenbank.16868
Heit en dy wienen us op in joun mei in ploechje jongfolk nei Eastemar ta to apelstellen. Mar it woe net. It wie noait liker as woarden se keard. Dat sy gongen mar werom. Mar sy woenen apels ha. Dat doe soenen se it noch us bisykje by Goaitsen Rôt (= G. Veenstra). Mar dêr komt in wite juffer oan op 'e fyts, dy't samar ynienen weiwurdt mei fyts en al. Dat...
nl.verhalenbank.22097
In stik of hwat jonge mannen, hwerûnder Bindert Kloosterman, Anne de Jong en Wopke Oldenburger út 'e Surhúster Mieden sieten us meielkoar yn it café fan Piersma to Surhuzum. Sy woarden froalik. En doe seinen se: "Nou wolle wy us krekt as yn 'e tsjerke it avondmael fiere." En dat dienen se. Se hienen de beker der by en de bôlle en it formelier woarde...
nl.verhalenbank.15629
Mei myn broer hie 'k ris to mollefangen west. Yn 'e nacht seagen wy in lyts berntsje fan sahwat trije jier âld. It hie in opmakke mûtske op en in hoepelrokje oan. De fuotten koenen wy net sjen, hwant it sweefde. It seach my oan. 't Wie hjir yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.15513
Rapke Tuinstra woarde troch de duvel yn 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.15538
Op it Wytfean op it plak, dêr't nou Freark Wagenaar wennet kom us op 'e joun ien lâns dy hie yn 'e kroech sitten op it Jachtfjild. Dêr hied er it raer opsein. Doe woarde er dêr op it Wytfean smiten. Hy woarde optild en in ein fierder kom er del.
nl.verhalenbank.15672
Op in winterjoune roannen heit en de slachter Sake Hofstede togearre mei elkoar op nei hûs ta. 't Wie op 't Ketling ûnder Surhústerfean. Der lei snie. Doe seagen se, dat der in frommeske achter har oan kom. Sy sloech in sydpaed yn en wie samar ynienen wei, as wie se yn 'e groun sakke. Heit en Sake woenen it ûndersykje. It minske hie gjin spoaren...
nl.verhalenbank.12492
Gjert Bargerbos hie gedoente mei de kweade. Dat wie wol bikend. Hy kom wol ris by ús heit (Dat wie reade Haite, as riedsman tige bekend yn 'e Harkema). Op in kear doe wie mem allinne thús. Sy hearde him bûten praten tsjin ien. "Hienen jo de houn by jo?" frege se. "Welné", sei Gjert. Mar mem hie dúdlik heard, dat er sein hie: "Dû mast dêr even bliuwe." Dat...
nl.verhalenbank.15673
Yn Burum wie in stik lân, dêr woard de hekke altyd iepen set, troch ien dy't ûnsichtber wie. Die men de hekke de nachts ticht, dan wied er de oare moarn wer iepen. Mar it fremde wie, de kij gongen der net troch hinne.
nl.verhalenbank.15515
By de nije brêge yn 'e Harkema fytste in man, dy woardde dêr altyd beet hâlden, en dochs wie der neat to sjen. It wie in ûnsichtber spoek.
nl.verhalenbank.17539
35