Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: onmogelijk boos
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Heit wie ris in kear ergens op 'e merk. Dêr wie Ymke ek. Doe wie dêr ien, dy krige in bytsje wurden mei Ymke de Jong. Doe sei Ymke tsjin him: "Dû wytst noch wol, tink, hoe't ik it doe mei dy hawn ha? Dû koest net in foet mear forsette." Doe't de man dat hearde, gong er stil fuort.
nl.verhalenbank.27756
By pake en dy gebeurde 't wolris dat se gjin bûter meitsje koenen. Dan wie de tsjerne bitsjoend. Se joegen de faem de skuld. Dat wie de tsjoenster, seinen se. Doe ha se de faem op in kear mei de kop yn 'e tsjerne treaun, de fuotten omheech. Sa lulk hienen se west. Hwant de faem hie 't dien, seinen se. Hja hie ôfgryslike bot raesd. Dat hearde heit. Die wie...
nl.verhalenbank.33122
De ingel stie mei uitgetrokken zwaard foar Bileam. De ezel seach dy ingel wol, mar Bileam seach it net. En doe sloech Bileam de ezel om him foarút to krijen. Doe gong de ezel hinne en bigoun to praten. Hy sei tsjin Bileam: "Waarom slaat ge mij? Heb ik u niet trouw gediend?" En fan lulkens biet er yn 't reid. As jy nou de reiden bisjogge, dan stean dêr...
nl.verhalenbank.26157
Der wie in boer, dy soe nei stêd ta. It wie wintermoarn en noch tsjuster. "Ik sil dy in pear spekbroggen rémeitsje foar ûnderweis", sei it wiif. En hja nei boven ta, nei it spekhok. Hja snijt en snijt, mar kin der mei gjin mooglikheit in stik ôf krije. Hja komt wer by har man en seit: "It spek is sa taei en sa hurd, it wol alhiel net snije." "Dat liket...
nl.verhalenbank.17717
35