6 datasets found
Dutch Keywords: omen man nacht Place of Narration: Opende
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Us heit makke froeger deakisten. It gebeurde soms, dan hearde hy fan tofoaren yn 'e nacht dat der timmere woarde. Dan sei er: "Ik mat ek wer in deakiste meitsje." Dan kommen se de oare deis by him, dan moest er ien meitsje.
nl.verhalenbank.27302
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne hjir yn 'e Pein. Stoar der ien, dan seach er dat fan tofoaren. Hy hie in kwea âld wiif. As hy der nachts wer út west hie om nei in lykstaesje to sjen, dan sei se de oare deis: "Douwe leit weer op 't nest, die is weer syk, dy het fannacht weer te spoekjen west." Douwe woarde der siik en ellindich fan. 't...
nl.verhalenbank.25892
De bigraffenissen sjoch ik altyd by nacht. Dat is de foarboade fan 'e dei. Meastal stean 'k oan 'e kant yn 'e barm, en dan gean se foarby. Dat duorret mar even. Op syn langst duorret it dan noch trije dagen, dat se komme mei 't lyk. Ik wurd net kloppe. Ik wurd twong om der út. Ik bliuw noait lizzen. Ik bin nou sawn en tachtich. Ik gean der nou net mear...
nl.verhalenbank.24123
Ik bin mei de helm geboaren. Sy ha my by myn geboarte de helm net ûntnom. Sadwaende moest ik alles altyd sjen. Hoefolle minsken as ik net fantofoaren dea sjoen ha. Ik ha wol gauris minsken warskôge. It kom altyd nei. Ik seach de lykstaesjes tusken tolven en ienen yn 'e nacht. Alle nachten moest ik der dan ôf. En dan seach ik se passearen as 'k foar 't rút...
nl.verhalenbank.24119
35