Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
264 datasets found
Dutch Keywords: omen man voorloop
Hjir dwarsoer hat in hutte stien, dat wie net mear as in foech keet. Dêr wenne in âld minske yn. Dat âld-minske kom to forstjerren. Dêr koe net in wein op 't hiem komme, hwant der roan allinne mar in smel fuotpaedtsje nei de dwarsreed ta. Doe moest de kiste fan 'e hoeke nei dy keet ta droegen wurde. Us buorman passearde de jouns fan tofoaren, doe wie 't...
nl.verhalenbank.34517
Heit gong der jouns wol gauris út, dan seach er nei de stjerren. It gebeurde dan wol us, dat er allegear ljochten oan 'e loft gewaer woarde. Dat binne letter de ljochten (strjitlampen) oan 'e wei woarn.
nl.verhalenbank.23057
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Pake Boardzer wie fuorman. Op in kear struts âlde Rikele Myt mei de hân oer pake syn hynder hinne. Rikele Myt wie in tsjoenster. Doe't pake thúskaem, sei er: "Dit is net bêst. Myn hynder giet dea, hwant Rikele Myt hat der oan west." De oare moarns wie 't hynder dea. Sy wienen allegear bang foar Rikele Myt. Op in kear hie se twa arbeiders yn 't wurk, âlde...
nl.verhalenbank.17655
Op in kear hearde Likele de Hoop dúdlik dat der kapt woarde yn 't achterhús. Fuort dêrnei kaem syn frou to forstjerren en doe kapten se op 't selde plak yn 't achterhús strie, om dat yn 'e kiste to lizzen. Dat wie krekt itselde lûd, dat er heard hie.
nl.verhalenbank.33668
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen. Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
It wie yn 'e Harkema op in joune, moai let, tsjin 'e nacht oan. Ik wie by in ploechje jongfolk, dêr wie Taeke Postma ek by. Wy wienen op 'e Boskreed, dy't nou forhurde is. Doe sei Taeke ynienen: "Even oan kant, jonges, der komt in lykstaesje oan." Wy gongen allegear oan kant wylst dy lykstaesje passearde, mar net ien fan ús, bihalve Taeke, dy't hwat...
nl.verhalenbank.28088
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Us heit seach froeger wylde lantearnen oer de heide, op in rige. Letter wie dêr de trambaen. De ljochtsjes, dat wienen de forljochte coupé's.
nl.verhalenbank.33251
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
Heit kom wol gauris by Remmelt Kroes; dy wenne yn Kûkherne. Op in joun sei Remmelt tsjin heit: "Hark, dêr ropt ien. Hearst it wol Jehannes?" Doe hearde heit it ek. It kom út it wetter wei ta in pear kear ta. Doe stoar it lûd wei. In pear dagen letter fordronk der ien yn 'e Swette. Dêr hienen Remmelt en heit doe de lûden fan heard.
nl.verhalenbank.33521
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei. Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
35