Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
260 datasets found
Dutch Keywords: omen horen
De frou fan Melle van der Wal, dy't nou op 'e Tike wennet, wenne alear op 'e Harste. Dêr hearde se op in nacht tige klear dat der timmere woarde. In skoft letter kom der op dat plak in herberch to stean. Dat wie it nije café fan Teunissen.
nl.verhalenbank.33250
By de Wopkepoel yn 'e Harkema stie in hûs, dêr wenne âlde dôve Tryn yn. Op in joun stienen wy bûten, ik mei noch in pear maten - 't wie noch fóár myn trouwen - doe gong it dêr hiel bot op in timmerjen. Wy hearden it dúdlik. Even letter is dêr in nij hûs kom. Der kôm Fokke fan Mekke Nicolai yn to wenjen.
nl.verhalenbank.33287
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil. Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten) Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442
To Surhuzum wienen guon dy hearden timmerjen en smiten mei balken. Mar der wie neat to sjen. Doe seinen se: "Dêr komt grif in nij hûs." En 't wie ek sa. De pleats fan Jan IJes waerd dêr letter boud.
nl.verhalenbank.27782
Op in kear hearde Likele de Hoop dúdlik dat der kapt woarde yn 't achterhús. Fuort dêrnei kaem syn frou to forstjerren en doe kapten se op 't selde plak yn 't achterhús strie, om dat yn 'e kiste to lizzen. Dat wie krekt itselde lûd, dat er heard hie.
nl.verhalenbank.33668
Froeger wienen der gjin wekkers en ek gjin horloazjes. Dan tikke it achter it bêdsket en ek wol ûnder 'e weech. Dat wienen de wylde horloazjes! "Dat binne de wekkers woarn," sei ús mem, "dy't nou op it bêdsbuordtsje stean." (foartsjirmerij)
nl.verhalenbank.33867
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net. Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Myn skoanmem hat wol faek forteld, hja stie ris by de brêge hjir yn 'e Westerein, doe hearde se trije kear hiel dúdlik 'help!' roppen. Mar hoe't hja ek seach, der wie neat to sjen. Dy winters binne dêr op dat plak trije bern forsûpt. Us skoanmem sei altyd: "Dat haw ík fan tofoaren heard."
nl.verhalenbank.33669
Ds. Warmolds hat in houten tsjerkje sette litten yn 'e Harkema. Dat wie ûnder 'e Smoarhoeke. Foardat se mei 't bouwen bigongen hearden guon it psalmsjongen dêr al op dat plak.
nl.verhalenbank.27783
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
Heit kom wol gauris by Remmelt Kroes; dy wenne yn Kûkherne. Op in joun sei Remmelt tsjin heit: "Hark, dêr ropt ien. Hearst it wol Jehannes?" Doe hearde heit it ek. It kom út it wetter wei ta in pear kear ta. Doe stoar it lûd wei. In pear dagen letter fordronk der ien yn 'e Swette. Dêr hienen Remmelt en heit doe de lûden fan heard.
nl.verhalenbank.33521
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre. Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan. Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
35