37 results
Dutch Keywords: nachtmerrie
As 't paard last had van de nachtmerrie, dan mozzie een kruissie voor de drempel legge. Dan kon die d'r niet over komme. En as iemand z'n hare in de war zate, dan zeje ze: ,Je lijkt wel een weerwolf'. Ok wel een nachtmerrie.* *in Noordeloos
nl.verhalenbank.57843
In wearwolf, dat wie krekt sa'n ding as in nachtmerje. In wearwolf kom by de manlju, in nachtmerje by de froulju. Ien fan sawn bruorren wie in wearwolf, ien fan sawn susters in nachtmerje.
nl.verhalenbank.20388
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
Froeger seinen se, fan 'e sawn dochters wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn soannen wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.24475
In wjerwolf is in soart fan nachtmerje, mar dan in manspersoan. By de Swadde wenne Jelle Bontsje Tyt. Dat wie in wjerwolf.
nl.verhalenbank.20906
Fan sawn jonges út ien gesin is ien in wjerwolf. Fan sawn famkes út ien gesin is ien in nachtmerje.
nl.verhalenbank.38395
Se sizze fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje en fan 'e sawn jonges út in húshâlding is ien in wearwolf
nl.verhalenbank.32830
Fan sawn famkes dy't achter elkoar oan binne út ien húshâlding wei is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.29753
Fan 'e sawn dochters wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn soannen wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.19322
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Us mem plichte to sizzen: Dû mast net sa gulzich ite, dû koest wol in wjerwolf wêze. Men seit ek: frette as in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37838
Ien fan sawn opienfolgjende dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn opienfolgjende soannen is in wearwolf.
nl.verhalenbank.19694
Fan sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje, sizze se. Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. Tsjin nachtmerjes die men duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36313
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.24107
Fan sawn famkes is de middelste in nachtmerje, fan sawn jonges is de middelste in wjerwolf.
nl.verhalenbank.32919
Om in tsjoenster to kearen leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol lei men in fleartûke oer de drompel. Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38006
Ien fan sawn famkes út ien gesin wie in nachtmerje. Ien fan sawn jonges út ien gesin wie in wjerwolf.
nl.verhalenbank.36981
By sawn jonges yn ien húshâlding is in wjerwolf. By sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
nl.verhalenbank.36417
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Fan ien fan 'e sawn dochters, dy't op elkoar folgje, sûnder jonges der tusken is de âldste of de jongste in nachtmerje. Fan ien fan 'e sawn soannen is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23774
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
38