Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: naakt Place of Narration: Drachten
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
nl.verhalenbank.24548
Piter Alma fan 'e Harkema gong nachts faek to murdzjen. Hy gong de lânnen del en kom by in fuotpaedtsje. Dêr stie in hekke. Dêr moest er oer. Mar de houn doarst net. Dy hie de sturt tusken de poaten. Hy wie bang. Doe seach Piter dat der in neaken berntsje oansweven kom. It bliuwt foar de hekke stilstean en it sjocht Piter oan. "Leave, stean 'k op dyn...
nl.verhalenbank.23014
Sahwat midden op 'e Rottefalster skeanpaden, tichte by 't nije tsjerkhôf, spoeke nachts altyd in neaken berntsje.
nl.verhalenbank.26153
Berntsjes dy't gjin deaklean meikrigen ha, spûkje ek. Dy kinne de rêst net krije. Yn 'e Boelensloane wienen sokke berntsjes. Dy wienen neaken. Guon ha har sjoen.
nl.verhalenbank.37926
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
nl.verhalenbank.33331
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne. De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.26042
6