Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: moord Place of Narration: Harkema
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
Oan 'e Lytse Wei is in dyk mei ikebeammen. Op ien fan dy beammen is in krús. Dat giet noait wer út dy beam wei. Sy ha de beam wol omkapt, mar it krús kom der like goed fansels wer yn. Sy ha dêr us in frou formoarde. Dêr is dat krús doe troch ûntstien.
nl.verhalenbank.22710
Op 'e Lytse Wei is us in âld-minske formoarde woarn. Sûnt dy tiid spoeket it dêr altyd. Wy wienen skruten as wy dêr lâns moesten.
nl.verhalenbank.21135
Oan 'e Boskwei stie in hûs, der spûke it altyd yn. Sy wolle wol ha, dat dêr yndertiid in poep yn formoarde woarn is en dat dy dêr yn spûket.
nl.verhalenbank.28562
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde. Dy giet nachts altyd fansels wer iepen. Sy sizze, dêr is ris ien formoarde woarn en dyselde hat gjin rêst. Dy rint nachts troch dy hekke, dan giet dy foar him iepen.
nl.verhalenbank.28781
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
Op 'e lytse Wei is us in âld minske formoarde woarn. Dat wie flak by it húske, dêr't Sterke Hearke yn wenne hat. In arbeider foun har yn 'e nacht dea. (Hy arbeide by de Bosma's, dat wienen greate boeren ûnder Droegeham, dy't èk oan 'e Lytse wei wennen) Hy joech it fuort oan by de plysje. De oare moarns gong hy der hinne om to sjen. Doe stie der in krús op...
nl.verhalenbank.19977
Ien omke fan myn wiif is by de Langewyk yn 'e bosk formoarde woarn. Hy hie in buchel en hiet fan Tsjerk. Myn swager gong us mei myn broer mei in kroadfol baelders nei Feansterheide. "Heit," sei myn swager, "hwa is dêr?" Doe wie dat Tsjerk, dy't njonken har gong. Tsjerk wie doe al in jier dea, mar sy herkenden him beide tige skoan. "Stil jonge", sei...
nl.verhalenbank.21930
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
11