Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: middernacht Place of Narration: Boelenslaan
Oan dizze kant Ljouwert - yn Hurdegaryp - stiet in slot, in eintsje fan 'e wei ôf. De hekken fan dat slot gongen altyd fansels iepen as de klok tolve sloech. In man by ús wei, in sekere Oeds Steensma woe ris sjen as dat wol sa wie. Hy der op in joun hinne. Om tolve ûre woarde de hekke iepen draeid sûnder dat der ien to sjen wie.
nl.verhalenbank.25503
Us buorman, doe't dy noch jong wie, wenne by de boer as feint. By dy boer gongen presys tolve ûre de skuorredoarren iepen. De boer, de arbeiders en de jonges gongen der út om to sjen hwat it wie, mar der wie neat. De oare nachts wie it wèr. It gong nacht op nacht. Hoe lang as dat oanhâlden hat, wyt ik net.
nl.verhalenbank.25325
Op 'e Omloop wie in boerespultsje. Dêr wenne Japik Kikkert. Tusken tolven en ienen yn 'e nacht stienen dêr altyd de skuorredoarren iepen.
nl.verhalenbank.17036
Noait midden op 'e wei rinne, hwant as der hwat is, dan rint men dêr by op en falt men der achter wer by del. Dat jildt foaral foar nachts foar tolven.
nl.verhalenbank.21905
4