Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
22 datasets found
Dutch Keywords: mest Place of Narration: Harkema
Ik ha dy forhaeltsjes meast fan ús Anne-om. Hy fortelde ek dat Rixt altyd dongkroade. Sy wennen yn in lyts spultsje oan 'e Lytse wei. As Rixt mei de kroade fol troch 't mollelân (= 't ploege lân) kroade of oer it hurde paed, dat wie har krekt itselde. Sy koe net warch.
nl.verhalenbank.26138
Sterke Hearke wie arbeider op 't Bouwe-kleaster by Bindert Japiks. Hja wienen ris oan 't dongladen. Twa hynders moesten in weinfol dong út it skerngat lûke. Mar de hynders koenen gjin skrip krije. Doe die Hearke de hynders foar de wein wei. Hy krige it tiksel beet en luts allinne it hiele foer ûnder ta 't skerngat út. Doe die hy de hynders der wer foar en...
nl.verhalenbank.28920
Hwannear't Hearke dong laedde sette er dat yn seis stikken op in boerewein. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.25151
Us heit syn heit hat by Bindert Japiks jonges oan 't dongmennen west. 't Wie altyd it gebrûk dat deselde dy't mende, dat dy de wein flak by de skerne brochte. Dat wie heit syn wurk. Hearke laedde. Doe hie de lytsfeint tsjin heit sein: "Dû hoechst dy wein hyltyd net sa ticht by de skerne to lûken. Dat kin Hearke allinne wol dwaen; dy is sterk genôch." Dêr...
nl.verhalenbank.32765
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Kloosterman, in boer op it Bomkleaster. Hy wie dêr ris oan it dongladen wylst in jongere arbeider de dong fuortried en loste op it lân. Mar Hearke koe sa hurd net lade as de oare de dong toplak brochte. Dat sinnige Hearke net. Hearke hie in jonge by him dy't him hwat holp en hantlange. Tsjin dy jonge sei er: "Nou...
nl.verhalenbank.31537
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op it Kleaster. Der woarde dong laden en dat wie Hearke syn wurk altyd. Mar de hynders koenen de weinfollen hast net út it dongsté wei krije, safolle sette Hearke der op. Doe woarde it tiid fan kofjedrinken. It folk gong mei de boer yn 'e hûs. Doe sei de boer tsjin Hearke: "Dû mast de weinen eins net sa fol...
nl.verhalenbank.16942
Hearke wie boerearbeider. Der stie in foer dong yn 'e skerne. Dat moest der út riden wurde troch de hynders. Mar 't wie tsjin iterstiid en de feint dy't der mei bilêste wie, woe earst ite. Hy spande de hynders út en gong nei de itenstafel ta. Doe gong Hearke der stil hinne, krige it tiksel fan 'e wein beet en luts him der pûr allinne wei.
nl.verhalenbank.26170
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn) Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
As Hearke oan 't dongladen wie, lei er hiele greate spitten op 'e wein. Dy't se der wer ôfdwaen moest hie dêr wit hoe lang wurk mei. Yn dy tiid siet Hearke op it tiksel in pypke to smoken.
nl.verhalenbank.25915
Yn 'e Rottefalle wennen twa bruorren Kloosterman. 't Wie famylje fan dyselden fan 't Bouwekleaster. Dy makken elke dei in lange kuijer en dan hienen se elk in stok yn 'e hân. De iene wie lyts, mar sa ûnbidige sterk, dat hy koe in houten skytskoffel fol dong útstekke yn ien hân.
nl.verhalenbank.23436
Greate Pier hat de sterkste man west dy't Fryslân oplevere hat. Mar Sterke Hearke wie ek sterk. It wie oars mar in meger mantsje haw ik wolris heard. Doe't er jongfeint wie moest er ûnder tsjinst, mar dêr hied er in great hekel oan. Hy wie soldaet to Ljouwert, mar dêr mocht er min wêze. Dêr stie in gewicht fan tolvehûndert poun by de kaserne. Doe sei er...
nl.verhalenbank.28748
Sterke Hearke mat ris in kear pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen ha.
nl.verhalenbank.33419
By Bindert Kloosterman moest it hynder ris in foer dong ta it skerngat útloeke. It dier bisocht it kear op kear, mar hy koe 't net oprêdde. Doe spande Hearke it hynder út en luts de wein sels pûr allinne út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.31540
Der bistege him us in feint by de boer. It wie in feint dy't wol hwat yn 'e bouten hie en de boer tochte, dat hy der in goeije help oan ha soe. De oare deis moest er fuort oan 'e slach. Mei de arbeider moest er dong en modder oer it lân struije. Sy gongen togearre nei 't lân ta. Mar op it lân dêrnjonken stie in arbeider fan in oare boer. De nije feint...
nl.verhalenbank.16904
Der moest us in kear by Bindert Japiks op it Kleaster in foer stront út it skerngat weilutsen wurde. Twa hynders koenen it net dwaen. Doe is Sterke Hearke foar de wein stean gong by 't tiksel en dy hat him der pûr-allinne útlutsen. (ek it forhael mei de ploege forteld)
nl.verhalenbank.22281
Hearke wie boerearbeider op 't Bomkleaster. Doe wie der in man, dy soe dêr ek arbeider wurde, mar dy seach dêr hiel bot tsjin oan, hwant hy tocht: "Mei Hearke kin ik noait lyk oparbeidzje." Mar dat foel genôch ta. Hearke wurke bidaerd en evenredich. It foldie him bêst mei Hearke yn 't wurk. Op in kear moest er mei Hearke dong lade. De boer jage de dong...
nl.verhalenbank.28553
Op in kear wienen se by Bindert Japiks oan 't dongmennen. It wie tige glystrich by 't skerngat en de beide hynders koenen gjin skrip krije, doe't se foar de wein mei dong stienen. 't Wie in dik weinfol. Doe spande Hearke de dieren út en luts de wein allinne ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.26999
Hearke arbeide op it Bomkleaster by de zevendaagse boer. Hy wie doe al net sa jong mear. Dêr wie ek in lytsfeint by dy boer en hy en dy lytsfeint moesten ris togearre donglade, wylst de boer de dong nei 't lân ta ried. Mar de boer wie sa gleonhastich, dat sy koenen sa gau hast net in wein lade as de boer al wer mei in lege wein werom wie. It gong de jonge...
nl.verhalenbank.28754
Ek ris in kear doe koenen de twa hynders de dong net út it skerngat wei krije. Sy koenen gjin skrip krije. Hearke die de hynders foar de wein wei en sloech de hannen om 't tiksel hinne. Sa luts er de dong út it skerngat wei en brocht de wein op 'e wei.
nl.verhalenbank.28755
Ek in kear, doe hienen se de wein sa fol dong laden, dat it hynder koe 't net lûke. Doe spande Hearke it hynder foar de wein wei. Hy gong der sels foar stean en luts him allinne út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.28554
35