Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: man vluchten
Op 'e Oene-Hindriksreed spoeke it. Guon hienen dêr wol ris hwat sjoen. Alde Hinse hie syn boadskipkes dêr ris forspile. Dêr hie hwat west, doe wie Hinse fan binaudens útnaeid. "Doe bin 'k de oare kant omflein", sei er. "Gean der moarnier mar hinne om to sjen." Doe hie syn doekje mei boadskippen dêr noch lein. Guon hienen dêr ris hwat lâns fleanen sjoenen.
nl.verhalenbank.25412
Wybren Wartena syn heit wenne yn Garyp. Dy wie foar de twadde kear troud. Hy hie buorkerije en in herberch. Doe't syn earste frou stoar biloofde hy har, hy soe noait wer trouwe. Mar hy die it al. Sy koenen it skoan rêdde en sy gongen der togearre wolris mei de tilbry op út. As se dan thúskamen gongen de skûrredoarren fansels iepen. Dat wie it wurk fan syn...
nl.verhalenbank.19786
Skoanheit en syn swager gongen op in joun us togearre om branhout, hwant sy hienen neat mear to stoken. Doe kommen se op 'e Jonkerskampen (fan 'e Trije Roeden nei 't Fean). Dêr spoeke it altyd, waerd der sein. Doe't se dêr goed en wol wienen, sprong skoanheit syn swager ynienen oer de sleat - ja, dat woed er tominsten, mar hy sprong der midden yn, doe by...
nl.verhalenbank.24562
In man fan 'e Koaten moest nei 't Fean ta. Hy wie oproppen om by notaris to forskinen. Doe't er op 'e Hamster Paden wie, en krekt oer in houtsje roan, woarde der roppen: "Bist dêr?" "Ja", antwurde hy. Hy roan oer 't hout, hy seach ûnder 't hout en rounom om him hinne, mar der wie nergens hwat to sjen. En doch hie die stim flak by him west. Hy wie skruten...
nl.verhalenbank.15532
Der wie in man yn 'e Harkema, dy gong elke moarn bitiid nei Eastemar ta to arbeidzjen. Syn paed gong oer de Dunen, dêr wied er goed trije ûre yn 'e moarn. Der wienen twa, dy wisten dat en dy tochten: Wy sille him ris bang meitsje. Sy dienen in wyt lekken om en sa gong de iene op 'e oare stean. Doe't de arbeider se seach, sei er: "Ik ha wolris twa op...
nl.verhalenbank.29425
Ytsen Ytsma wenne yn 'e Poes ûnder Surhuzum. Hy gong wol gauris to jounpraten, èk yn de Poes. Dan nom er altyd syn jonge mei, hwant hy doarst der net allinnich út op 'e joun. Hy hie in min geweten. As er to praten gong woarde de jonge altyd yn 'e hutte opsluten, hwant dy mocht net by de praterij wêze. Op in kear gongen se togearre wer op hûs yn. Doe sei...
nl.verhalenbank.27663
Japik Visser hat oan 'e Skieppedrifte wenne. Dêr ha wy ek wenne. Dêr by Japik hienen se altyd lêst fan spûkerij en fan tsjoenderij. Ien dy't bang wie dat er bitsjoend wurde soe, moest in bak mei brandewyn op 'e foarholle bibine, sei Japik. Letter moest men dy bak dan oer 't paed goaije. Japik die noait in rot dea. Hy hie in kleed yn 'e keamer spand....
nl.verhalenbank.20446
Germ Smous (= Greate Germ) en syn soan Steven wienen ek us in kear by de Bearnedaem. En doe seach Steven in gedaente op 'e wei: 't like wol in frommes. It biweegde. Germ sei: "Giet it of sweeft it?" "It sweeft", sei Steven. "Set dan sok", sei Germ (Germ hat dit faek forteld. "Doe koe dy bliksems jonge ek noch folle hurder rinne as ik", sei er.)
nl.verhalenbank.23729
Heit en âlde Rinse de Wind wienen froeger in soad by elkoar. It wie ris yn 'e winter en Tsjerk Beima hie dat jier ierappels forboud. Mar Tsjerk kom to forstjerren. Hy wenne oan 'e betonwei, dat wie doe in sânpaed, flak by de rotanfabryk. De ierappels sieten dêr yn 'e bult. Heit en Rinse setten dêr op ta op in nacht om fan dy ierappels to stellen. De âld...
nl.verhalenbank.29326
Tamme Wobbes wenne to Eastemar, yn 'e buorren. Nachts gong er faek to pûren. Op in nacht wie dat wer it gefal. 't Wie oer tolven. Hy gong achter de feart nei de Lits ta. Doe bigoun dêr in houn to spûkgûlen. Der waerd er kjel fan. Hy stiet noch even to pûren en fangt noch in pear ielen. Dan heart er ynienen in fremd lûd. Ut 'e Mar wei sjocht er in soarte...
nl.verhalenbank.31399
Yn Furdgum wenne in boer, dy hie in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint wie tige dryst en nergens bang foar. Op in kear waerd de lytsfeint nei 't doarp ta stjûrd om sjerp to heljen. Hja woenen him nou en dan wolris slite. 't Wie joun en it paed gyng oer 't tsjerkhôf. Op 'e weromreis, noch foardat er oan 't tsjerkhôf ta wie sloech de lytsfeint de...
nl.verhalenbank.20632
11