Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Augustinusga
Myn buorman hie us west to jounpraten. Hy wie sa'n fyftich jier âld. Hy stapte de wei del. En doe kom er op in plak dêr wie in gloppe yn 'e wâl. Dêr groeide gjin beammeguod. Doe kom dêr hwat út dy gloppe wei - it wie in gestalte en hie in gesicht. Sahwat as dat fan in frommes, fortelde buorman letter. Dy gestalte kom op him ta. Dy kom al tichter en...
nl.verhalenbank.21974
Us mem fortelde, der hie ris in sterfgefal yn Stiensgea west. De man wie allinne oerbleaun. Elke joun, om in ûre of acht hinne, kaem der ien by him yn 'e hûs by de leider del. Dat koe dy man op 't lêst net langer úthâlde en hy helle dûmny der by. Dy seach doe deselde skime, dy't by de leider del kom. Doe sei dûmny: "Als gij van God zijt, kom bij mij, zo...
nl.verhalenbank.32713
Doe't Boele Ytsma dea gong, doe sei er tsjin syn buorman: "Ik gean fuort, mar oer fjouwer wiken kom ik wer." "Dan moast by my oankomme", sei syn buorman. Mar hy woe wol dat er dat net sein hie. Sûnt dy tiid wied er deabinaud. Mar Boele kom net wer.
nl.verhalenbank.32722
Heit kom us op Koatstertille. Doe kom er in hiele grouwe houn tsjin mei greate gleone egen. Hy hat noait witen hwat dat west hat.
nl.verhalenbank.22736
Der wie ris in boerefeint, dy sei: "Ik bin foar de duvel net bang." De jouns moest er it hynder yn 't lân bringe en doe gong er oer in planke werom. Dy planke lei oer in feart. Hy hie de teugel yn 'e hân. Doe siet dêr op dy plank in wyt ding. De boerefeint sei: "Ut de wei!", mar dat ding forroerde him net. Doe joech dy feint dat ding in klap mei de...
nl.verhalenbank.37408
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn. Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie. Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs. Doe...
nl.verhalenbank.32714
Op it Langpaed tusken Harkema en Surhuzum rolle altyd in lekken om. Dat spûke dêr. Dat wie ornearre foar in man dy't net in deadslekken mei krigen hie yn 't graef.
nl.verhalenbank.37097
By de grifformearde tsjerke yn Surhuzum wie ris in man forsûpt. Nei dy tiid spoeke hy dêr altyd noch, seinen se.
nl.verhalenbank.27661
Us heit kom us in kear fan Reahel. 't Wie sahwat twa ûre yn 'e nacht. Hy tocht: "Heden, dêr komt in man oan. Dy hat grif in sekfol hout stellen." Sa like it krekt. Hy roan hwat dûknekkich. Hy kom lyk op heit yn. Mar doe't heit better taseach hie dyselde keardel hiele greate gleone egen, krekt as koallen fjûr. Doe is heit in stik of twa, trije ikkers...
nl.verhalenbank.23752
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten. In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e...
nl.verhalenbank.33620
Ytsen Ytsma wenne yn 'e Poes ûnder Surhuzum. Hy gong wol gauris to jounpraten, èk yn de Poes. Dan nom er altyd syn jonge mei, hwant hy doarst der net allinnich út op 'e joun. Hy hie in min geweten. As er to praten gong woarde de jonge altyd yn 'e hutte opsluten, hwant dy mocht net by de praterij wêze. Op in kear gongen se togearre wer op hûs yn. Doe sei...
nl.verhalenbank.27663
12