Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
47 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Veenwoudsterwal
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben. Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Alde Broersma fan de Wâl wie o sa sterk. Hy hie lân yn 't Bûtenfjild lizzen. Hy hie twa hynders foar in foer hea. Doe't dy net by de hichte op komme koenen mei de wein, sette hy de rêch ûnder 'e wein en krige it gedaen.
nl.verhalenbank.16774
It gebeurde ek ris, doe socht it gerjocht Japik Ingberts. De plysjes wienen mei in rydtúch ta de stêd út kom, rjochting Grins. Doe't se oan 't âld tolhek ta wienen, stie dêr in âld mantsje. "Mei 'k mei ride?" frege er. Hja hâldden stil en hy koe mei ride. Doe hearde hy ûnderweis, dat se Japik Ingberts efter 'e broek sieten. Even foar de Bonkebrêge sei 't...
nl.verhalenbank.38304
Japik Ingberts wie al in âld man, doe wied er op in joun by in boer to praten dy't tichte by him wenne. Doe't er fuort gong wie sei de boer tsjin syn frou: "De âlde hat sa nei myn raep sjoen dat ik wyt der neat fan, ik mei wol oppasse." De raep, dat wie in moai horloazje, dat hong oan 'e muorre by 't finster. De boer bleau yn 'e keamer yn 't tsjuster dy...
nl.verhalenbank.37948
Doe't se de Wâlsterfeart groeven smieten se hyltyd de pet in ein fuort. Dêr't dy pet tolânne kom, dêr moesten se fierder grave. Sa is de feart ûntstien.
nl.verhalenbank.19653
Sterke Hearke wie ûnbidige sterk. Hy meande mei syn seine dwars troch de harspitten hinne. Sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.38059
Douwe Gosses wie in kaertspylder. By dat kaertspyljen foelen rare wurden. Hy sei 't mâl op. Douwe wenne op Feanwâldsterhoek. Op in kear is er op 'e Presterikker - in âld modderwei - oer de beammen hinne smiten. Dat hat de duvel dien. Doe wied er aerdich bikom.
nl.verhalenbank.19646
Ek op in kear, doe wienen se yn 't âld fabryk, doe wie dêr in man, dy krige sin oan pikelhearrings. Jehannes wie der ek by. It duorre net lang, of dêr wie de man mei pikelhearrings al. Hja hearden him roppen: "Pekelharingen!" De mannen gongen der gau hinne, mar doe wie hy der net. Jehannes hie har foar 't soaltsje hawn.
nl.verhalenbank.37959
To Feanwâlden stienen us twa by in herberch boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan. Sy wachten ien op, dy't se bangmeitsje soenen. Mar doe't dyselde oan har ta wie, sei er: "Heden, ik ha wol ris twa by elkoar op sjoen, mar noch noait trije." Doe woarden dyselden sa bang, dat se naeiden hurd út.
nl.verhalenbank.19642
By 't Godloas Tolhek dêr spokke in hynder om. By de Godleas Singel spokket in âlde hear.
nl.verhalenbank.37966
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Hy hie twa hynders foar de ploege. Der kom ien by him, dy woe graech wite hwer't sterke Hearke wenne. Doe stuts Hearke de ploege mei de iene hân foarút en sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37972
Yn Twizelerheide wenne in hiele sterke keardel. Dat wie in sekere Veenstra. Dy luts samar in weide hea allinne fuort.
nl.verhalenbank.38088
Op 'e Godleas Singel is 't gebeurd dat dêr op in joune let in man lâns kom, dy hie jild ophelle. Hy hie de sek mei jild op 'e rêch, hwant papierjild hienen se froeger net. Der wienen in pear keardels dy wachten him op, dy hienen it op syn jild forsjoen. Hja hienen him noch net sjoen, mar dy man mei jild hie hàr wòl sjoen. Der lei in skou oan 'e kant fan...
nl.verhalenbank.37967
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege beet en tilde him op mei syn iene hân. Doe sei er: "Dêr wenje ik." Doe stiik er him rjocht op syn hûs oan. Doe wist dy man wol hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.38038
De heit fan âlde Jan van der Veen wie tige sterk. Dy hat froeger ris op in freed yn Feanwâlden samar in ambold fan 6oo poun optild. De man wie skipper.
nl.verhalenbank.38213
Der wie in man út Feanwâldsterwâl, dy hie yn Hurdegaryp yn 'e kroech sitten. Hy hie 't raer opsein en in goed stik yn 'e kraech. Doe moest er troch de Foksegatten. Doe't er dêr wie, waerd er opnom en oer de beammen hinnesmiten. Hy wie dêrtroch tige eangstich woarn, hwant dit wie it wurk fan 'e kweade. Letter wie er dêrtroch aerdich bikom.
nl.verhalenbank.38207
By de Skilige Piip spokke in neakene man.
nl.verhalenbank.38205
Sterke Hearke wie sa sterk, dat er samar in ploege foar him út stiek.
nl.verhalenbank.38204
As sélju in sémearmin sjogge op sé, dan forgiet har skip. Hja lokke de manlju yn sé, dan forsûpe se.
nl.verhalenbank.37902
Der wenne in boer op it Barra-hûs tichte by Ljouwert. Op in joun kaem dêr in frommes by de doar, dy frege of se dêr de nachts wol sliepe mocht. De boer hie dêr net folle mei op, mar affijn, dat moest dan mar. Doe sieten se de jouns dêr byinoar yn 'e hûs. De faem dy seach nou en dan ris nei de útfanhûzer en dy tocht: "Dat liket neat op in frommes. Dat...
nl.verhalenbank.37872
35