Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Oranjewoud
Der stienen us guon by de brêge fan 't ld Djip to Beetstersweach. Doe hearden se dat der sein woarde: "De tijd is der wel, de man is der niet." Even letter kom der in man op 'e brêge. Dy rekke der by del en kom yn 't wetter tolânne, dêr't er yn fordronken is.
nl.verhalenbank.28263
Der kom us yn 'e nacht in man fan 'e Gordyk. Hy moest nei Jobbegea ta. Doe't er by de feart kom, wie der in roetswarte houn by him kom, wol sa great as in keal. De man wie sa binaud woarn, dat hy wie hast út syn fel sprong.
nl.verhalenbank.28277
Dyselde Syberen Hofstra hearde ek op in kear by harren op in plak dêr't hielendal net in hûs stie, hoe't der mei in hammer op in ambyld slein woarde. Letter kom der op dat plak in smederij to stean. Nou wennet Douwe v.d. Molen dêr.
nl.verhalenbank.28265
Alde Sybren Hofstra fan Aldskoat siet yn 't lêst fan syn leven altyd yn 't fjûr to hâlden. Dêr wied er binaud foar, hwant hy hie sjoen dat er nochris forbrânne soe. Op in kear siet er yn 't lân ûnder in koe to melken. It woarde swier waer en hy woarde troffen troch 't fjûr fan 'e wjerljocht.
nl.verhalenbank.28264
Der wie ris in man, dy moest by greate Pier wêze. Hy koe him net fine, mar der stie in man op it lân to ploegjen. Hy tocht: dy mat ik mar ris freegje. Hy hie net yn 'e gaten dat dat Pier sels wie. Hy sei: "Witte jo hwer't greate Pier wennet?" "Jawol", sei dy, en hy stuts de ploech foar him út. "Sjoch, hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.28348
By ús heit kom alle nachten in lyts keardeltsje, dat wie in nachtmerje. Hy wie forlegen as dat keardeltsje der wie. Hy krige noait in wink yn egen en wie sokke tiden deabinaud. Doe krige er de rie fan ien, hy moest him fordacht opstelle. Dat hat er doe dien. Doe't it keardeltsje kom, hat er it by de krage pakt en hy hat it formoarzele. Letter hat er noait...
nl.verhalenbank.28361
Yn Hoarnstersweach wenne in hiele sterke keardel. Op in kear doe wienen guon dwaende om in hiele grouwe beam op in wein to lizzen. Hy seach dat se der mei oan wienen, dêrom sei er: "Lit mar los, mannen, ik sil 't wol even foar jim dwaen. Gean mar wei." En doe lei hy dy beam allinnich op 'e wein, earst de swiere kant, doe de lichte kant. Mar dy mannen...
nl.verhalenbank.28413
Yn 'e Jouwer hat in hiele sterke keardel wenne. Boston hiet er. Dy bruts in hoefizer samar troch. En dikke izeren stangen bûgde er troch.
nl.verhalenbank.28349
Sa gebeurde 't ek us op in snein-to-middei. Ik en 'e frou wienen togearre thús. Doe seagen wy ien oankommen. Hy kom by de doar. Wy soenen de doar iependwaen en doe wie hy der net. Even letter - 't mei in goed kertier west ha - doe kòm er.
nl.verhalenbank.28359
Ik ha wol yn fodden handele. Op in kear wie myn frou allinne thús. Doe seach se my oankommen mei in sekfol fodden. Doe tocht se: "Hwat duorret dit lang foardat er by de doar is. Ik mei wolris even sjen." Hja nei de doar, dy't se iepen die en sjen. Mar ik wie der net. En doch hie se my klear sjoen. In healûre letter kom ik thús mei de fodden.
nl.verhalenbank.28358
Der wennen in man en in frou yn Jobbegea. De frou kom to forstjerren. Doe bleau dy man allinnich oer. Hy hie syn frou hwat biloofd, dat er dwaen soe, mar dat die er net. Hy hâldde him dus net oan syn bilofte. Doe kom dy frou werom. De man siet op it húske bûtendoar. Wylst kom de frou fóár him to stean. Sy sei tsjin him dat er net neikom wie hwat er...
nl.verhalenbank.28414
Hindrik de Groot wenne yn Skoat. Hy seach altyd lykstaesjes fan tofoaren. Der wie in boerefeint dy woe dat net leauwe. "Kom dan mar ris mei," sei Hindrik, "dan silstû it èk sjen." Doe gongen se der op in nacht togearre op út. Doe sei Hindrik: "Dêr komt wer in lykstaesje oan." "Ik sjoch neat", sei de feint. "Sjoch dan mar oer myn linker skouder hinne", sei...
nl.verhalenbank.28357
Imke Modder (= Imke de Jong) koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Heit fortelde, hy hie ris sjoen, dat der him in hiele partij lint ta de hals útkom, der kom suver gjin ein oan. Hy luts mar troch.
nl.verhalenbank.28419
Alde Hofstra fan Skoat is troch de wjerljocht forûngelokke. Dat hat er sels allegear fan tofoaren sjoen. "Allegear fjûr", sei er. Wylst er ûnder in koe siet woarde er troffen.
nl.verhalenbank.28354
Scheper wie ek omrake sterk. Op in kear trof er in stik of hwat mannen, dy wienen meiïnoar dwaende in swiere beam op 'e wein to laden. Mar sy rêdden 't net op. Scheper sei: "Ik sil jim wol even helpe." Doe lei er pûr allinne earst de iene ein op 'e wein en doe de oare. Doe lei de beam der op. Mar hy woarde net bitanke en de mannen setten nei de kroech ta....
nl.verhalenbank.28350
Doe't er ûnder tsjinst wie sei de kaptein: "Geef acht." Dan sprong Imke yn 'e gracht. Dan bearde er as er fordrinke soe. Dan stuts er de hân út om him to helpen. De iene soldaet nei de oare krige him by de hân om him der út to heljen. Mar Imke luts him der yn. Op 't lêst hied er it hiele regimint yn 'e gracht. Dêr wie 't him krekt om to dwaen. Dan dûkte...
nl.verhalenbank.28345
Lútsen de Jong wenne oan 'e Eilewyk yn Jobbegea. Dy wie ek ôfgryslike sterk. As de plysjes help ha moesten, woarde hy ophelle. Hy hat wolris in hiele herberch fol folk ûntrûmd.
nl.verhalenbank.28351
Imke koe ek bûksprekke. Op in kear siet der in faem ûnder in koe to melken yn 't lân. Imke hie toarst. "Mei 'k in bytsje molke ha?" frege er. Mar dat doarst dy faem net to dwaen fanwege de boer. Mar doe sei de koe samar ynienen: "Jow dy man hwat molke." De faem woarde sa kjel, dat sy liet de koe yn 'e steek en naeide út.
nl.verhalenbank.28347
35