33 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: man sterven Place of Narration: Opende
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west. Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
Hjir hat in man wenne, dat wie Piter Meijer. Dy hat yndertiid de earmmeester formoarde. Doe't er stoarn wie siet er op in lyts roungear protsje yn in hoeke fan 't bêd. Sa binaud hiet er it hawn.
nl.verhalenbank.23455
Der kom yn Haulerwyk yn 'e herberch in man, dy bistelde twa buorrels. De kastlein sette twa romers mei jenever foar him op 'e tafel del. Doe nom dy man earst de iene romer, dy rikke er ien ta oer syn linkerskouder hinne, mar net ien koe dyselde sjen. Doe dronk dy man syn eigen romerfol op. De romer fan de ûnsichtbere nom er wer oan en der kommen twa lege...
nl.verhalenbank.25966
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht. Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik. Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha." De oare...
nl.verhalenbank.23132
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne. Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
Der kommen us op in kear twa mannen by in boer. Dy hienen in greate koer by har, dêr wie in sek oerhinne. Sy fregen de boer of dy koer dêr wol in nacht by him yn 't achterhûs stean mocht. De oare moarns dan soenen se him wer helje. Dat wie de boer goed en de beide mannen setten de koer yn 't achterhûs del. Mar doe seach de boer dat der hwat yn dy koer...
nl.verhalenbank.24176
Yn 'e Hantumer Utbuorren wenne foarhinne in sekere Jensma. Dat wie in hiele raren-ien. Hy flokte alles by elkoar. Op in kear lei er dea op 'e telle, mei de holle achterstofoar op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid. Syn mem hie faek tsjin him sein: "Tink der om jonge, de duvel komt aenst by dy." Mar dêr hied er de spot mei dreaun. De plaets stie...
nl.verhalenbank.23142
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Yn 'e Wylp wenne in sekere Auke Dykstra, dy wie net by it fé fortroud. Dêr wienen de boeren allegear hwat bang foar. Der wenne ek in boer, dat wie Jan Farwyk, dy hie in mot mei biggen. Dy biggen wienen trije wiken âld. Auke Dykstra kom dêr, hy gong by de mot stean en hy gong mar krekt even mei 't stokje oer dy biggen hinne. Sa jage hy se ta 't nêst út. De...
nl.verhalenbank.26016
Ik ha twa minsken kend, in man en in frou. Dy koenen min mei mankoar. De man bihandele syn frou skandalich. Doe binne se by elkoar wei rekke. Letter helle dy keardel in tige minne streek út. Dat wie in strafber feit en hy woarde der foar op helle. Mar hy sei dat er it net dien hie. De dochter fan dy lju lei dy nachts op bêd. Har mem wie doe al lang...
nl.verhalenbank.25708
Hier is een weg, dat is de Bosweg. Froeger noemden se dat de Klontjebuurt. 't Was toen in olle reed met woater. Douwe het doar is gejammer hoard. Se dochten altyd, dat doar noch us een fordrinken moest, moar nou it in weg is kan 't ook wel een ander ongeluk wordn.
nl.verhalenbank.25898
Douwe Stavasius syn heit Fokke wie us in kear op 'e klaei by in boer yn 't wurk. Hy siet by de boer yn 'e keamer en sy dronken in pantsje thé. Fokke dy siet mar nei ien punt to staren en hy sei hielendal neat. "Is der hwat?" sei de boer. "Dat kin ik jo net fortelle", sei Fokke. "Hwerom net?" frege de boer. "Omdat it jou jonkje is", sei Fokke. De boer...
nl.verhalenbank.25896
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden. It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou. Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen. Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706
Oan 'e Suder Dwarsfeart to Drachten wenne âlde Teatske. Dy wie tige ryk. Teatske is op in rare menier oan 'e ein kom. Sy is sahwat forhongere by de oerfloed. Hja hie sa'n jild yn 'e kelder, dat sy meat de gounen en de ryksdaelders mei de fiif-kop. Doe't Teatske stoar hie se alles oan 'e tsjerke tamakke. Mar dat is net earlik om en ta gong. Der woarde in...
nl.verhalenbank.25714
Wolter Fekje fan 'e Harkema wie stoarn. Tominsten dat mienden se. Mar hy wie skyndea. Hy lei al yn 'e kiste en sy soenen him de jouns bidrinke. Doe sei er ynienen, út 'e kiste wei: "Jow my ek mar in buorrel."
nl.verhalenbank.27880
Mem fortelde, 't wie yn 'e winter west mei iis. Doe hienen dêr guon in stim heard: "De plaats komt niet tot de man, maar de man tot de plaats." Dat hearden se dêr op 't iis sizzen. Doe wie der ien oanriden kom op redens en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.25893
Us heit makke froeger deakisten. It gebeurde soms, dan hearde hy fan tofoaren yn 'e nacht dat der timmere woarde. Dan sei er: "Ik mat ek wer in deakiste meitsje." Dan kommen se de oare deis by him, dan moest er ien meitsje.
nl.verhalenbank.27302
1