10 datasets found
Dutch Keywords: man bed Place of Narration: Opende
Wy ha op 'e Noarder Dwarsfeart wenne to Drachten. Ik wie doe noch in jonge. Wy wennen yn in hûs, dêr spoeke it. Dêr woe net ien yn wenje. Op in kear doe leinen wy op bêd. Heit en mem slepten yn in bêdsté yn 'e keamer. Doe kom der hwat op it bêdsbuordtsje springen. 't Wie in nachtmerje. Heit krige him topakken. 't Wie krekt in dier. 't Wie glêd. Hy tocht:...
nl.verhalenbank.24116
Yn Drachtster Kompenije wennen twa âlde minsken, dy frou hie faek lêst fan in nachtmerje. Sy hienen in drompel, dy wie hwat forsakke. Dêr kom de nachtmerje mei de kop ûnder 'e doar troch. Op in nacht stie de âld man mei de kneppel ré. Hy tocht: nou sil 'k dy leare myn wiif to pleagjen. Doe't de kop fan 'e nachtmerje to foarskyn kom, sloech er ta. 't Wie...
nl.verhalenbank.24117
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Hjir hat in man wenne, dat wie Piter Meijer. Dy hat yndertiid de earmmeester formoarde. Doe't er stoarn wie siet er op in lyts roungear protsje yn in hoeke fan 't bêd. Sa binaud hiet er it hawn.
nl.verhalenbank.23455
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden. It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou. Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen. Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706
De bigraffenissen sjoch ik altyd by nacht. Dat is de foarboade fan 'e dei. Meastal stean 'k oan 'e kant yn 'e barm, en dan gean se foarby. Dat duorret mar even. Op syn langst duorret it dan noch trije dagen, dat se komme mei 't lyk. Ik wurd net kloppe. Ik wurd twong om der út. Ik bliuw noait lizzen. Ik bin nou sawn en tachtich. Ik gean der nou net mear...
nl.verhalenbank.24123
As Rikele Myt har man nachts wekker woarde, wie 't krekt as der in pânse njonken him op bêd lei. Dan wie Myt der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.25987
Jelle Tryn hie nachts, as se fuort wie, de koepânse njonken har man op bêd lizzen.
nl.verhalenbank.25952
Ik hie sèls àl sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Doe sei myn man op in kear tsjin my: "Ast de nachtmerje nou wer fornimst, dan mast my warskôgje. Dan mast my in stomp yn 'e side jaen." Dêr kom de nachtmerje wer oan. Ik joech Sierd in stomp yn 'e side en doe is hy sa bot bigong to slaen, dat hy sloech de nachtmerje dwars troch de ûnderlegers hinne. De toffels...
nl.verhalenbank.21103
Een nachtmerje was een vrouw. Van zeven op elkoar volgende dochters was er één een nachtmerje. Ze kwamen deur 't slotsgat in huus. Mijn broer Piter had der wel us last van. Hy strooide wat rogge op 'e stoel foar bêdde. (It bennen ook wel eens kerels, dy bin nog slimmer)
nl.verhalenbank.23966
35