8 datasets found
Dutch Keywords: man 2 Place of Narration: Opende
Ik en nòch ien roannen us by de spoarlyn lâns. Wy wienen oan 't smokkeljen yn 'e moanneskyn. Doe wie dêr ynienen in keardel mei in hoed op. Dy roan neist de spoarlyn. Doe't er ús passearde, wie er ynienen fuort, sûnder in spoar achter to litten. Hwat dat west hat, is my noch altyd in riedsel.
nl.verhalenbank.25972
Der kom yn Haulerwyk yn 'e herberch in man, dy bistelde twa buorrels. De kastlein sette twa romers mei jenever foar him op 'e tafel del. Doe nom dy man earst de iene romer, dy rikke er ien ta oer syn linkerskouder hinne, mar net ien koe dyselde sjen. Doe dronk dy man syn eigen romerfol op. De romer fan de ûnsichtbere nom er wer oan en der kommen twa lege...
nl.verhalenbank.25966
Ik wie ris mei Bouke Schievink fan 'e Harkema oan 't murdzjen by Hilversum. Wy hienen de hounen by ús. Ynienen komt der in auto op ús ta, mei de koplampen op. Wy hurd fan 'e fyts om ús hounen to pakken. Fuort is 't ljocht. Gjin auto en gjin motor mear. Neat to sjen by de hiele lange feart lâns. Nou freegje ik jo: hwat hat soks west?
nl.verhalenbank.25973
Der kommen us op in kear twa mannen by in boer. Dy hienen in greate koer by har, dêr wie in sek oerhinne. Sy fregen de boer of dy koer dêr wol in nacht by him yn 't achterhûs stean mocht. De oare moarns dan soenen se him wer helje. Dat wie de boer goed en de beide mannen setten de koer yn 't achterhûs del. Mar doe seach de boer dat der hwat yn dy koer...
nl.verhalenbank.24176
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou. Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns. Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om. Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Us heit en Ielke-om gongen alle jierren togearre nei deselde boer to ûngetiidzjen. Doe droomde heit op in kear - krekt foardat de ûngetiid bigong - dat heit koe net wer mei. Ielke-om soe de skoansoan meinimme. En doe wìe 't ek sa. Heit en Ielke-om ha doe yn gjin jierren mei elkoar praet.
nl.verhalenbank.25927
Bearn van der Woude wie myn heit. Hy wie us mei mem to jounpraten nei syn swager, dy wenne sa'n trije hûndert meter fan him ôf. It gong altyd op in kaertspyljen as heit en omke by elkoar wienen. Mar doe hie heit de spylkaerten forgetten dy kear. Hy gong werom om se to heljen en omke gong mei. Sy gongen skeanoer troch 't lân, dat wie 't koartste. Doe binne...
nl.verhalenbank.26023
Hindrik was een raar man. Hy ging eens naar Dútsland met een kammeraet. So maar op 'e dolleroes. "Sinten ha wy niet", sei er. "Wy kregen daar geen werk. Doe moesten wij weerom. Wij hadden ook honger. We wouen graag een bytjen eten hebben. Doe zei 'k tegen mien kammeraet: 'Wyste wat? Ik sal sien dat ik wat stuut en bôlle krijg'." Doe hij noar de bakker...
nl.verhalenbank.23970
35