Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Marum
Piter Scheper fan Luchtenveld en nòch in man roannen us togearre op in nacht oer de wei. Ynienen gong Piter oan kant. Mar de oare man makke in nuvere gisel. Doe't dat gebeurd wie, sei Piter tsjin him: "Wytst wol hwerst nou by opkom biste?" "Né", sei de man. "Dû bist fóár by de lykwein opkom en achter bist der by delknoffele."
nl.verhalenbank.27352
Ik wie ûnder tsjinst. Doe wie dêr in keardel dy koe in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Hy soe de kaert fuortstjûre en in oaren moest de flesse drank oankrije. Mar doe woarde dy oare bang en krûmde der foar om. Doe is 't net troch gong.
nl.verhalenbank.27353
Halbe Scheper, sa fortelde mem, hat ris in kear in foer dong út it skerngat lutsen. Twa arbeiders wienen oan 't laden. De twa hynders hienen de stront der net útlûke wold. Doe hie Halbe de hynders der foar weispand en hie de wein by 't tiksel beet krige en him sa der út lutsen. Wylst hongen de beide arbeiders ek noch yn 'e tsjillen om him tsjin to...
nl.verhalenbank.27357
Durk Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten. Dy wie ûnfoege sterk. Hy luts samar in foer hea allinne. Ek us in kear doe ried er mei in dikke Arendsploech (tige swier) oer 't skouder op 'e fyts nei de smid ta.
nl.verhalenbank.27356
Us pake fortelde, hy seach us in kear op 'e merk in hoanne, dy't in balke op 'e sturt droech. Doe sei der in keardel tsjin pake: "Sjoch my mar ris ûnder 'e earm troch." Pake sjen en doe wie 't in strie ynpleats fan in balke.
nl.verhalenbank.27479
Myn wiif is sauntsjin jier jonger as ik. Sy is fan har earste man skeiden. Sy hat ris in kear nei in kaertlizter yn Grins west. Hja sei tsjin dy kaertlizter: "Ik woe graech de takomst wite fan 't leven." De kaertlizter hie tsien kaerten op in rige lizzen. Dêr moest myn wiif trije trijetallen fan opnimme. De tsiende bleau lizzen. De kaertlizter kearde de...
nl.verhalenbank.27478
Dokter Keizer fan Surhústerfean wie tige sterk. Hy ried altyd yn in koetske nei syn pasjinten ta. By de Oerterperfeart wienen 't allegear barten. Dokter krige dan 't koetske oer de nekke en tilde 't sa oer de barten.
nl.verhalenbank.27887
Rudolf de Mepsche fan 't Faen wie tige gefreesd. As er in plaetske ha woe, dan biskuldige hy de eigners en sette se by him op 'e stâl oan kettings. Hy hat se letter allegear forbrand. Hy is letter yn 't ûngemak omkom.
nl.verhalenbank.27893
Mijn vader zag dat er een man door de pomp kroop. Der was maar een nauwe opening in die pomp. Maar hij kroop er niet door. Vader zag dat hij der bij langs kroop. Maar der was anders niemand die het zag.
nl.verhalenbank.27845
By de Fjouwer Roede yn Boelensloane wenne in âld frou, dy hie har man sa min bihandele. Dy man kom nei syn dea sa nou en dan wer by har. Dan bigongen de kopkes yn 't théblik to ratteljen en to skodzjen. Dan hie 't minske rêst noch dûr.
nl.verhalenbank.27892
Yn 'e Boelensloane mat it gebeurd wêze dat der twa man wienen dy't op in nacht in lykstaesje troffen wylst se midden op 'e wei roannen. Se woarden oan kant slingere. De iene kom yn 'e sleat tolânne en is fordronken. De oare hie de kleden wapperjen sjoen. - Mem hat it wol forteld.
nl.verhalenbank.27896
Der wie ien dy frege in man dy't op 't lân oan 't ploegjen wie, hwer't Sterke Hearke wenne. 't Wie yn Droegeham en dy ploeger dat wie Hearke sels. Hearke hie de ploege mei ien hân optild en der nei wiisd en hy hie sein: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.27358
Mem fortelde, der hie ris ien nei Piter Scheper, dy't duvelbander wie, tagong om in drank. Piter Scheper joech dyselde de drank mei, mar hy sei der by: "Mast der goed oppasse dat de drank ûnderweis net stikken rekket. Mast de flesse goed djip yn 'e bûse dwaen." Dat hat dy man dien, mar doe wie der ûnderweis in menear oankom en dy hie der mei in stokje...
nl.verhalenbank.27362
35