Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: man sterven Place of Narration: Kootstertille
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei. Hy fortelde it my, doe't er thúskom. "Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt." En 't wie ek...
nl.verhalenbank.21444
Yn Minnertsgea hat in man wenne, dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. It kom altyd nei.
nl.verhalenbank.22263
Der't nou in daem leit wie froeger de brêge fan 'e Harkema. Dy lei oer de Feanster feart. Dêr stienen us guon, dy hearden in stem út 'e wyk kommen, dy sei: "De tijd is gekomen, maar de man is der niet." Even letter wie der in man op 't hynder oankommen mei barstend gewelt. Hy wie al hwat let, dêrtroch ried er sa hurd. Hy ried pardoes yn 'e wetterlossing -...
nl.verhalenbank.22315
Wy ha dat fan mem har heit. Dy wie ek sa. Wy wennen flak by 't tsjerkhôf yn 'e Falom. As de klokken letten, dan sei er: "Hark". "Hwat is der, pake?" fregen we. "Binnen trije dagen komt der wer in deaden op 't tsjerkhôf", sei er. En dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.21584
Yn 'e Falom wenne in âld wyfke oan 'e loane. Hja hy bûten in skiepke rinnen. Doe kommen der trije ruters oan op hynders. Dy jagen dat skiepke fuort. 't Ald wyfke kom ta de doar út en wie lulk. Mar ien fan 'e jonge mannen lake har út, en rôp: "Hwat kin ús sa'n âld wiif skele!" Mar doe sei 't wyfke tsjin him: "Dû komst joun net wer thús." Hy is dyselde...
nl.verhalenbank.21590
Bindert Reitsma hat de bank yn Twizel. Dy wie tige min. De minsken tochten dat er it net helje soe. En dat tocht ik sels ek. Doe kom ûnforwacht syn buorman to forstjerren troch in autoûngelok. Ik sei: "Nou giet Bindert net dea." "Hoedat sa net?" sei myn soan. Ik sei: "Ik haw dêr in bigraffenis sjoen. Ik ha miend dat it dy fan Bindert wie, mar it wie dy...
nl.verhalenbank.21585
Myn frou har pake ried ris op 'e bargewein nei Ljouwert ta yn 'e iere moarn. 't Wie op in freed en 't wie noch tsjuster. Doe frege der ûnderweis ien oft er mei ride mocht en dy kom njonken him to sitten op 'e wein. Doe't se in eintsje riden hienen sei dyselde: "Wy matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan." Pake wie oan kant gien, mar hy...
nl.verhalenbank.32664
Dêr by 't Godloas Tolhûs kom froeger us in man oanriden oer iis. 't Wie al hiel let. Under 'e brêge sakke hy troch 't iis. "Help! Help!" rôp er. Mar der wie net ien dy't him holp, hoewol se hearden it wol. Dy man is dêr fordronken. Doe krige dat tolhûs de namme fan Godloas tolhûs.
nl.verhalenbank.21593
Der wenne ien yn Surhuzum, dat wie in raren. Dy flokte alles byelkoar, it koe him neat skele hwat er die. Op in kear doe kom er út 'e herberch by Hulshof wei, en doe woarde er smiten. Boven oer de beammen hinne. Hy hat noait sjoen hwat dat dien hat. Mar it hat him de kraech koste. Hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.20682
Yn 'e Falom by de brêge stiet in herberch. Dêr gong it jouns faek op in kaertspyljen. Dan gong it der soms bot oan wei en der woarden faek grouwe wurden brûkt. Der siet us in kear in Dokkumer. Dy flokte sa bot, dat ien sei tsjin him: "Jonge, ast joun nou us mei de duvel yn oanraking komste, hwat dan?" "Dêr jow ik neat om", sei er. Mar dy jouns hat de...
nl.verhalenbank.21589
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Myn soan wie bûtermakker. Op in moarn gong er op 'e fyts nei syn wurk ta. Hy soe út 'e daem wei oer de wei, mar dêr woarde er keard. Hy stapte fan 'e fyts, mar der wie neat to sjen. Ik sei tsjin him: "Dêr komt earstdeis in lyk troch. En 't wie ek sa. In wike letter gong dêr in man dea. It wie op 'e hoeke fan 'e wei nei Opperkoaten. De kiste moest rûmte...
nl.verhalenbank.21439
Bontsje Keke moest der nachts altyd út. Dan wie 't krekt as sieten se him achter. Dan moest er in lykstaesje sjen.
nl.verhalenbank.29558
35