Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: man spiegel
Op it Fliet yn Ljouwert wenne earen in âlde boer mei dy syn frou. Myn wiif hat dêr arbeidster west. Op in kear fortelde dy frou har: Je ha soms nuvere dingen. Doe't ik noch faem wie wie 'k ris in kear mei myn kammeraetske by Lammert de Jong yn 'e herberch. Dêr wie doe in swarte spegel. Doe seinen se tsjin my: "As jo yn dy spegel sjogge, dan wurde jo de...
nl.verhalenbank.28472
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
By kaertlizters yn Ljouwert hienen se in swarte spegel. As in manspersoan dêr yn seach, woarde hy de frou gewaer, dêr't er mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.27391
Op in kear gong heit nei Ljouwerter merke ta. Dêr stie in tinte, dêr wie in swarte spegel yn. Heit gong der foar stean om syn takomstige frou to sjen. Heit wie doe noch feint. Doe kaem der in frou foar mei tolve bern. Even letter wie der wèr in frou mei in keppel bern foar. Heit soe dus twakear trouwe en dat is èk gebeurd. Heit krige by syn earste frou...
nl.verhalenbank.22114
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.
nl.verhalenbank.21554
As it ergens kermis wie gong it jongfolk wolris nei de swarte spegel ta. Dan koenen se sjen mei hwa't se trouwe soenen. Mar sy kommen ek wolris in sterfgefal to sjen.
nl.verhalenbank.27457
Der wie in hiel great hûs, dêr sieten fjirtsjin keamers yn. It hiet Likelemastate. De hear en de frou wienen fuort en de faem Bauk wie allinne thús mei in âld feint dy 't se Oebele-om neamden en mei in jonge. Bauke. Dy wie sechstjin jier. Doe kom dêr in negoasjeman. Dy hie in great swier pak by him. 't Wie skier fan kleur. De man sei: "Hjir sit kleanspul...
nl.verhalenbank.19779
Der wenne in man yn 'e Harkema, dy stie foar de swarte spegel op 'e merk. Doe seach er yn dy spegel syn takomstige frou. It wie Griet, dy't er tige skoan koe. Dy hie in swart plak op 't wang. "Dat is Griet," hied er sein, "dy wol 'k net ha." Mar hy hat har àl krige.
nl.verhalenbank.21396
Myn broer Eabe Kloosterman hat yn 'e swarte spegel sjoen doe't er ûnder tsjinst wie. Doe krige er in deakiste to sjen. Hy wenne op Sânbulten.
nl.verhalenbank.19391
Myn tante had forkearing met een fint út 'e Kòrnhörn. Doe het se ergens op 'e kermis weest. Doe sag se doar in de swarte spiegel en doe sag se in hiel ander fintje in de spiegel stoan as dêr't se forkearing mee had. Doe sei se: "Dit is allemoal bedrog." Even loater komt se in Oldekerk bij een dikke boer te woonen. Se kriegt forkeering met syn seun en sy...
nl.verhalenbank.26014
In protte reizgen froeger nei de merken ta om dêr yn 'e swarte spegel to sjen. Dan krigen se de frou of de man to sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net, dan kom der in deakiste yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.21425
Froeger gong 't jongfolk wol gau us foar de swarte spegel. Dy't gjin wiif krige seach in kiste, dy't trouwe soe seach syn takomstich wiif. Doe't myn earste man us yn 'e swarte spegel seach, kom der in frommes foar 't ljocht mei lang swart hier. Doe't myn man my letter seach, sei er: Ik woarde kjel. Sa sprekend likestû op dat portret.
nl.verhalenbank.23149
Myn man syn heit kaem to forstjerren. 'k Wie op 'e bigraffenis. Doe't wy fan 't hôf werom wienen, hearden wy in hiele plof. Krekt as wie der in rút ynsmiten of in buordtsje út 'e diggelkast del kaem. Mar doe't wy seagen, wie it de spegel, dy't oer de kachel hinne fallen wie. Hy lei yn alle diggels op 'e groun. Ik sei: "Nou komt der in sippe deaden yn seis...
nl.verhalenbank.21987
Yn Sweagerbosk wenne in feint, dy kom us foar de swarte spegel to stean. Doe seach er yn dy spegel in frou mei in mûtse op en de kielbannen los. Hy sei: "Dy mei 'k noait lije!" Mar hy hat har troud, mar it gong hast altyd op in kreauwen tusken dy beiden. Sy koenen mei elkoar as houn en kat. De feint moest achterstofoar wer ta de tinte út.
nl.verhalenbank.20904
Us mem har heit seach us in kear yn 'e swarte spegel. Dat wie mei Ljouwerter merke. Doe seach er dêr yn in wyfke, mei 't iene eech heal ticht. Pake sei: "Dy wol 'k noait fan myn leven ha." Mar de man fan 'e tinte sei: "Unthâld it mar. Dit wurdt jou frou." Pake krige gedoente mei har. En hy hat har krigen. 't Hie him noait hindere, sei er, doe't er har...
nl.verhalenbank.22133
Us mem wie us mei in kammeraedtske op Feanwâldster merke. Doe gongen se dêr togearre in tinte yn. Dêr koenen se de takomst yn in spegel sjen. Mem krige ús heit to sjen. Dêr soe se letter mei trouwe, seinen se en dat is ek útkom. Mar har kammeraedtske seach oars net as in deakiste. Sy seinen tsjin har: "Oer trije wiken sille jo toplak komme oan 'e westkant...
nl.verhalenbank.18084
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
nl.verhalenbank.30093
Hjir wennet in âld-feint oan 'e Spekloane. Dat is greate Miente (Taekema). Dy hat us in kear foar de swarte spegel stien. Doe krige er in deakiste to sjen. Doe hat er letter noait trouwe doarst. Hy hat wol omgong mei froulju hawn, mar hy is altyd âld-feint bleaun.
nl.verhalenbank.24874
Heit fortelde, op 'e merken hienen se froeger swarte spegels. Dy't yn sa'n spegel seach krige 't wiif to sjen, dêr't er letter mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.29372
Knjillis Praamstra fan 'e Harkema wie us in kear op Drachtstermerke. Doe seinen se tsjin him: "Ast wite wolste mei hwa st' trouwe silste, dan kinst har to sjen krije." Doe gong er in tinte yn. Dêr wie in swarte spegel yn. Doe seach er dêr in frommes yn dy spegel. 't Wie in donker frommes, dêr is er ek mei troud. Ik ha har wol kend. As der gjin faem yn 'e...
nl.verhalenbank.17713
1